Steatlik yn' e stap berinst de stêd fan literêre monuminten en dat nimt mear tiid as ien inkele dei, dochs is it lang gjin boek fan tûzen siden wurdich. Yn in lytse wike is alle dagen rinnendewei in gongber stikje moai genôch. As it moat dan nimst de tram. Sa bart it datst op it itselde plak belâne bist, dêr't James Joyce him yn in fier ferline ek ris deljûn hat. Dan kinst net oars, dan beklimst hiel nijsgjirrich stap foar stap dy ferneamde stiennen trep, wylst omheech nei it hichtepunt ta, miskien wol deselde gedachten as de skriuwer hast. En datst dan suver fan de weromstuit besikest itselde te sizzen wat de protagonist yn it oerbekende boek - wat tink net folle minsken echt lêzen ha - doe ûnder wurden brocht. Want leau mar, dat elke toerist op literêre pilgrimtocht soks grif wol faker docht. Sa sjochst, einlings boppe yn it ljocht, hiel ferwûndere de wrâld beslist mei oare eagen. Omdatst graach sjen wolst wat de skriuwer en syn alter-ego doe ek seagen. Dat smyt ynspiraasje op, tinkste. En dan duorret it net lang of do hast in manier om dyn ûnderfining te ferwurdzjen betocht. Bêst genôch foar in koart, mar ûnderhâldend stikje.
machtich
Turner, it sil wol bekend wêze, wie in Ingelske
skilder dy't yn syn wurk nei it ultime effekt fan romte socht. Turner, it is
grif faker sein, is in keunstner bekend om
syn stoarmjende kleurepalet. En leau my mar: Joseph Mallord William Turner wie as skilder in kosmonaut yn
it ûneinige universum fan ljocht. Inkeld in lyts part fan syn mânske oeuvre hinget
tydlik yn museum de Fûndaasje fan it Swol. Mar wat der hinget binne prachtige
eksimplaren fan ferbyldingskracht. Wetter en fjoer! It spat fan de doeken ôf. Kjeld
en hjitte! Net te daaien. It is suver floeibere massa en trochsichtige matearje
yn net te bedjipjen lagen. Wat moat de man in ferskuorrende driuw om te
skilderjen hân ha. In flamjende besieling dy't nei alle gedachten bjustere dreamen
en helske nachtmerjes ta libben brocht. Sels as wienen syn masterstikken teoretysk
berekkene en goed trochtocht, dan noch giet it om wat de ûnderfining fan it
spektakel op syn doeken mei de taskôger docht. En dat is net te min. Dat nim it
fjoer en wetter fan Turner yn Swol as de
oermachtige natuer yn dy op. Foar de loft en de ierde bist yn it Ryksmuseum fan
Twinte goed te plak. Mar foar de kwintessens fan Turner syn measte wurk sit der
neat oars op, dêrfoar moatst nei Tate Britain yn London ta.
hope
De Nobelpriis foar literatuer sil nei alle
gedachten noait oan in Fryske skriuwer tabedield wurde en dêrom hat Fryslân dus
de Gysbert Jabickspriis. Dy rigel betocht ik om in stikje te skriuwen. Want in aardich
stikje moat fansels mei in knappe oanset begjinne. Lykwols, doe't ik it sa
delsetten hie, doe bekrûp my de twivel. Net omdat it faaks wat al te koart om
'e hoeke is, mar mear omdat sa'n útspraak dan ek ûnderboud wurde moat. En sa
orizjineel is de gedachte no ek wer net. Boppedat liket it as wol it sizze, dat
hjir te úzes, gjin skriuwers fan ynternasjonaal nivo wêze soenen. Dat stiet der net en dat wol ik ek net beweare, sis ik - om misferstannen foar te wêzen -
der hurd even by. Wa wit wurdt dit stikje kritysk lêzen. Al is dat yn dizze
taal, mar krekt de fraach. Hoe dan ek, oan welke betingst dit skriuwen oant
safier miskien wol foldocht, is dat it ta neitinken stimme kin, al is de
fergeliking fan dy twa prizen der út soarte noch sa fier by troch. Ik sis ek net
dat myn wurden ta neitinken stimme moatte. Ik soe 't net heal doare. Wat stiet
der dan wol? No, hiel simpel: De Nobelpriis foar literatuer falt noait yn
Fryslân. Punt! En dat is fansels tige spitich. Skande! Mar dochs, wer twivel en
ek hope. Kinst ommers noait witte. Tink ris yn. Wat soe it bjusterbaarlik wêze.
Yn 2018 of sa. Ik sjoch it al foar my. Feest! Fjoerwurk! En himelhege fonteinen.
Foar wa't it ek mar oerkomme mei. Feit is wol dat ik sels net yn de prizen
falle sil. Nee, sa'n priis falt noait yn de Wâlden.
Abonneren op:
Posts (Atom)