Turner, it sil wol bekend wêze, wie in Ingelske
skilder dy't yn syn wurk nei it ultime effekt fan romte socht. Turner, it is
grif faker sein, is in keunstner bekend om
syn stoarmjende kleurepalet. En leau my mar: Joseph Mallord William Turner wie as skilder in kosmonaut yn
it ûneinige universum fan ljocht. Inkeld in lyts part fan syn mânske oeuvre hinget
tydlik yn museum de Fûndaasje fan it Swol. Mar wat der hinget binne prachtige
eksimplaren fan ferbyldingskracht. Wetter en fjoer! It spat fan de doeken ôf. Kjeld
en hjitte! Net te daaien. It is suver floeibere massa en trochsichtige matearje
yn net te bedjipjen lagen. Wat moat de man in ferskuorrende driuw om te
skilderjen hân ha. In flamjende besieling dy't nei alle gedachten bjustere dreamen
en helske nachtmerjes ta libben brocht. Sels as wienen syn masterstikken teoretysk
berekkene en goed trochtocht, dan noch giet it om wat de ûnderfining fan it
spektakel op syn doeken mei de taskôger docht. En dat is net te min. Dat nim it
fjoer en wetter fan Turner yn Swol as de
oermachtige natuer yn dy op. Foar de loft en de ierde bist yn it Ryksmuseum fan
Twinte goed te plak. Mar foar de kwintessens fan Turner syn measte wurk sit der
neat oars op, dêrfoar moatst nei Tate Britain yn London ta.