hope

De Nobelpriis foar literatuer sil nei alle gedachten noait oan in Fryske skriuwer tabedield wurde en dêrom hat Fryslân dus de Gysbert Jabickspriis. Dy rigel betocht ik om in stikje te skriuwen. Want in aardich stikje moat fansels mei in knappe oanset begjinne. Lykwols, doe't ik it sa delsetten hie, doe bekrûp my de twivel. Net omdat it faaks wat al te koart om 'e hoeke is, mar mear omdat sa'n útspraak dan ek ûnderboud wurde moat. En sa orizjineel is de gedachte no ek wer net. Boppedat liket it as wol it sizze, dat hjir te úzes, gjin skriuwers fan ynternasjonaal nivo wêze soenen. Dat stiet der net en dat wol ik ek net beweare, sis ik - om misferstannen foar te wêzen - der hurd even by. Wa wit wurdt dit stikje kritysk lêzen. Al is dat yn dizze taal, mar krekt de fraach. Hoe dan ek, oan welke betingst dit skriuwen oant safier miskien wol foldocht, is dat it ta neitinken stimme kin, al is de fergeliking fan dy twa prizen der út soarte noch sa fier by troch. Ik sis ek net dat myn wurden ta neitinken stimme moatte. Ik soe 't net heal doare. Wat stiet der dan wol? No, hiel simpel: De Nobelpriis foar literatuer falt noait yn Fryslân. Punt! En dat is fansels tige spitich. Skande! Mar dochs, wer twivel en ek hope. Kinst ommers noait witte. Tink ris yn. Wat soe it bjusterbaarlik wêze. Yn 2018 of sa. Ik sjoch it al foar my. Feest! Fjoerwurk! En himelhege fonteinen. Foar wa't it ek mar oerkomme mei. Feit is wol dat ik sels net yn de prizen falle sil. Nee, sa'n priis falt noait yn de Wâlden.