dyn taal



Whakapapa


Wat woartelet der noch fan dyn wrâld âld hout
yn de spjalten grûn fan memme -ierde?

Wat stipet dyn eale stamme ûnder in teheistere kroan
dat kracht jout en hope?

Streamt der noch bloed troch de ferskronfele ieren
ûnder dyn tanige hûd?

Lit dy it swijen net oplizze; jou it net oer!
Dyn lûd moat bliuwe!


fier

withoefier


de wrâld reizget troch de tiid

en de tiid giet rimpen oer de wrâld

mar de wrâld hat de weareld tiid

tiid op de wrâld is in libbensreis

en in reis om de wrâld nimt tiid


wit hoe lang

prolooch


Wat fierder ast fan hús west hast, wat dreger de ôfrin fan in reis faak is. Der wurdt ommers in bân ferbrutsen, wylst de ferbining mei it thúsfront noch stal krije moat. It oanboazjende gefoel fan in kâlde leechte liket wol in warskôging. Sa fan: tink derom, it is gebeurd. Wat oer en foarby is komt net werom! It iennichste watst noch dwaan kinst is besykje sa lang mooglik fêst te hâlden oan de sangerige rûs fan de reis.
Ofstân nimme falt altiten ôf, ek fan in stikje tiid. Alle dagen telle. Ien dei likefolle as hûndert. Alle ferfleine tiid bliuwt in gemis dat dy rekket. Miskien wol te ferlykjen mei in kadoke dat dy ôfpakt wurdt. Of mei de domper dyst fielst as de simmer foarby is en de lange winter foar de doar stiet. Miskien docht it noch wol it measte tinken oan it ferlies fan in wichtich stik tekst, omdat it net opslein is.
Lang om let wer thús giet de fersteurde idylle dy gelokkich net lang oer de lea. Al reitsje de oantinkens stadichoan wol yn it ferjitten. En wolst it fuortslûpende ferline beskriuwe, dan is it spitigernôch hieltiten dreger om it ûnder wurden te bringen. Thús is alles wer sa gewoan. Dan moast it dwaan mei de langst nei withoefier wer fuort en de gedachte dat ergens hinne sille hast like moai is as ergens hinne gean, mar dat it fierwei it moaiste is, ast alwer ergens oars bist.

macht



Guon rinne der by del, oaren bliuwe der foar stean, in inkeling giet der in skoftke foar sitten. By alle trije soarten taskôgers kinst dy ôffreegje: wat nimme se waar? Of wa nimt wat der te sjen is goed yn him op? En wat ûntdekt in oar wat guon krekt misse?  Want it sil net sa wêze dat elkenien itselde oereaget. Op it earste gesicht miskien wol, mar úteinlik sjocht elk mei de eagen dy't er sels is. Eagen dy't in ferhaal sykje bygelyks, miskien wol mei in moraal, of eagen dy't foar de feroaring de werklikheid yn in oar ljocht sjen wolle en of eagen dy't it bedroch fan de yllúzje net ûnderskiede kinne. Sis it mar, de ferbylding docht it wurk. By de iene grif wat mear as by de oar. 
Sa stappe guon soms skodholjend en skouderlûkend by it fertoande del. Tagelyk dogge oare lju it har belangstellend wat mear oan tiid en besjogge de útstalde keunst mei of sûnder krityk. Oaren reitsje miskien in momint ferwûndere en litte de foarstelling fierder suver ûnferskillich oer har hinnekomme.
Mar de inkeling  dy't him yn alle rêst der by deljout sjocht nei alle gedachten alles. Dy wurdt rekke troch de macht fan de ferbylding en is fernuvere oer de artistike driuw. Dy wurdt optild troch de autonome kracht fan skiente. Dy wurdt meinaam troch it goede, it moaie, de wiere aard fan keunst. Dy inkeling wurdt ûnderdompele yn in religieus gefoel fan estetysk gelok. En oars pakt hy of sy út 'e macht fan de gewoante it mobyltsje der gewoan even by.


it paad



Ik beweech my geandewei troch it gegeven fan de tiid. Der is gjin begjin en likemin in ein.  De reis wynt him frij troch de romte. De tiid dy't it nimt, dy docht der net ta. It paad dat ik gean leit der op it each ôf doelleas hinne. It spoar rint net dea, mar komt ek nergens oan. Krekt as mei de reizen yn 'e holle, dy't noait in bestimming fine. Of lykas mei al dy reizen nei it ferline, dy't dy noait werom nei eartiids ta bringe.
Yn 'e gong wei kom ik lykwols gjin wezentlike grinzen tsjin. Der leit my neat yn de wei, as ik wol dan kin ik fier komme. De romte lit him mei syn sigesaagjende omwegen sawat einleas jilde. It is in reis yn it heden op de drompel fan in nijsgjirrige tiid; nei oarden dy't noch ûnbekend binne.
Ik nim de tiid dy't ik ha as in fêststeand gegeven oan en sjoch fernuvere om my hinne. Ik waan my op betroubere wegen. Net omdat ik nei in sekere bestimming sykje, mar omdat ik sjoch dat de reis dy't ik meitsje der wol ta docht.


Mytysk




Tink oan flinterswart fluwiel
dauwiet glimkjend yn de sinne,
mei licht en loftich hingjend hier
dynjend yn in trinten ritme.

Hear de galante trêd los en linich
fan besleine, izersterke skonken
en it fjouwerjend beslach, stipe
troch ymposante, brede skoften.

Skôgje de grutske eachopslach
mei it fûleindich, fonkeljende ljocht
skalk en beslipe: dochs trou en wach. 

It is de geast fan libbenskracht,
dy't as Sleipnir yn in hege flecht
út 'e hichte op de wrâld delsjocht.

skeppe

Moat in skilder wol tekst en útlis jaan oer syn wurk? It hoecht om my net. As it goed is, dan docht in treflik skilderij syn eigen ferhaal. Dan lit de foarstelling op it doek al in ynderlik lûd hearre dat ûnderhâldend genôch is, lykas in roman de ferbylding achter de wurden yn in eigen taal fertelt. Derom soest sizze kinne dat de taljochting fan de skilder der feitlik net ta docht. Sa hoecht in skilder him neffens my ek net te ferantwurdzjen oer wat him driuwt en al hielendal net oer wat er mei syn wurk foar eagen hat. De objektive skôger moat as in ûnôfhinklike geast it ferstân de romte jaan en goed harkje nei de stim fan de ferbylding. Nee, in skilderij wurdt der nei alle gedachten net better fan as de keunstner syn motivaasje ûnder wurden bringt. Lit it pinsiel mar fertelle. Lit de kleuren mar sprekke. Lit it perspektyf de ferdjipping mar bleat lizze.




It wurk fan de skilder Gerrit Wijngaarden fertelt yn dichterlike stilte syn eigen ferhaal. Sprakeleas wurdt it yn in bûtenwenstige toansoart op it doek beskreaun. De ferbylding fan de taskôger kriget wiidweidich de romte. Under statyske loften reizget er troch in lykmoedige wrâld mei in weareld oan tagonklike leechte. Bedimme kleuren skeppe lânskippen en seeën yn in sprekkende byldtaal, dy't lykas poëzij fragen opropt, mar antwurden skuldich bliuwt. Ferwurde yn it lichte ljocht mei in bespegeljende lading docht it swijsume wurk fan Gerrit Wijngaarden oan âlde tiden tinken. In wrâld mei de ferlerne stilte dêr't men weemoedich nei weromsjocht. In libben dat net mear bestiet. It is it ferhaal fan geduld en fredigens dat ús yn de tiid ûntkaam is. Wa't by steat is en lit it yn him omgean sil der grif wat fan weromfine. En dy't net wit dat dy wrâld oait bestie: sykje net langer, mar iepenje de eagen. De ûnderfining sil in iepenbiering wêze.

In hiele reis





Stadich troch de jierren hinne fart
De Jonge Trijntje yn de nije tiid
oer smelle ieën en brede widen
troch de simmer op de takomst ta.

Yn it eachwyt fan it steile bynt binne,
stilearre yn in reach fan swarte trie,
loftich blau en read mei sinnegiel
keunstich yn de golle seilen spind.

It giet har kwierich foar de wyn,
al komt se fier wei en wêr sil
it op har griene tiidreis hinne?

Kin se op 'e motor fan it ferline
lavearjend troch hjoed de dei
in duorsume bestimming fine?




Hjirwei




By it stellen fan de rûte
is it plan noch net de reis.
En by it roaien fan de lingte
is de ôfstân noch lang gjin feit.
Ienris ûnderweis giet de tocht
selden streekrjocht nei de ein.
Boppedat is healwei pas oer de
helte as de tiid gjinien beheind.
En wylst de oankomst amper
wat oer de bestimming seit,
giet de reizger om it reizgjen
doelbewust syn eigen wei.

yn 't rûn


Omheech is de ferdjipping boppe it libben. Net ûnberikber wie myn ûnderfining. It like op fleanen doe't ik út ´e hichte delseach op in lytse wrâld. It wie lykwols gjin flecht, in hiele klim kinst it ek net neame, teminsten ast lykas in pakje yn in bakje streekrjocht nei hûndert meter hegerop sketten wurdst. In hichte dy't my suver wat licht yn 'e holle makke. Deselde holle dy't fernuvere yn 'e fierte om him hinne seach. Oeral yn 't rûn lei it fertroude lân: berûn, befytst en mei de snikke befearn. Fier wie lykwols net sa fier as ik tocht, want achter de hege, glêzen muorren die wer bliken dat romte bûten likegoed as binnen grinzen hat.


Omdel is de ferdjipping fan it bestean. It gong nei ûnderen ek hurd. Ik stie yn in sucht op de begeanbere grûn en koe sûnder tûkelteammen wer alle kanten út. Oer it skouder seach ik noch even by it glêde fjouwerkant omheech. It moderne kastiel stiek as in beaken yn 'e loft, mar eage ynienen in stik minder heech. Foar my seagen twa blanke, yn harsels kearde berneholtsjes inoar swijend oan. Swier neitinkend oer in wiffe takomst of neatsizzend yn gedachten oer it heden. In ferlichtsjende damp waaide súntsjes by har del. Mei de holle yn de wolken kinst ek oeral yn 't rûn sjen tocht ik, it is mar krekt hoest it besjochst. Yn de mist is fansels wer in oar ferhaal.

Drait Blues



Tusken de nijbouwiken fan in opslûpen stêd,
dêr't de koekkoek by’t maitiid syn namme ropt
en roppige reagers spegeljend sykje om fretten,
dêr slomket yn in guodlik lânskip stil en bestindich
in berêstend âld djip, hast troch de tiid fergetten.

Yndamme tusken de haven en de grutte autowei
mjit er mar in pear kilometer lang, al is er breder
as in opnij útdolde feart. Oan wjerskanten gerskje
in hantsjefol skearde skiep tusken de poddeblêden
en mollebulten op de slûgjende simmerdykflanken.

Oer de skulpepaden reizgje - ek mei hjerstich waar-
krigele fytsers en evenredige rinners mei har hûnen
dy't by it talúd del strune en sûnder belet temûk yn
it gers of in reidkraach skite, wylst behurde fiskers
yn ’e hoksen sitte en mei stikken bôle krinkjes smite.

Tusken de middei beseach ik healwei de fytsbrêge
dy wrâld fan Obe mei in mankelyk each. En faaks
wie it in idele gedachte, dochs tocht ik hoe moai it
wêze soe, as ik op in knappe winterdei, mei in goed
stik ridersiis, dêr de redens ea nochris ûnderbine koe.



útflecht


Ast fan fieren komst, dy in skoftke deljoust en dan wer fierder wolst.
Ast it ljocht daagjen sjochst boppe it lege waad, it dyklân en de dunen.


Ast op´e wjukken giest, dêr´t de romte dy'tst sikest yn´e fierte wankt.
Dan witst datst fierwei kaam bist, mar de reis derhinne gjin útflecht is.  


natura morta (3)



                                         Nomen Nominandum

Alles hat in namme. Gewoane en keunstige dingen. Bisten en minsken. Alle boeken op de wrâld. Nuver dat skilderijen dan soms anonym troch de tiid moatte, wylst se yn ’e regel wol wat foarstelle. Sûnder titel stiet der dan altemets by. Al liket dat nijsgjirrich, it is gjin namme en dat is spitich. Want in namme of titel krije is de berte fan it bestean en de oanset fan in nij ferhaal. In titel betinke is it foarrjocht fan de skilder, lykas it sinjearjen fan it wurk mei it pinsiel. Dat soe hy of sy ek mei de titel dwaan moatte. Op de achterkant fan it doek bygelyks, om it wurk sa in unike titel yn de skiednis mei te jaan. Guon skilders binne betûft yn it betinken fan in namme, oaren moatte dat noch wurde of it kin har neat skele. Dêr sil ik net oer oardiele. 
De dichter, skriuwer en skilder Sipke de Schiffart hat in resint lânskip fan him noch net doopt. Mooglik hjit syn romtelike ferbylding 'Raapsie yn de Wâlden'. In beneaming dy´t it ûnderskied meitsje kin en it wurk yn in moaier ljocht set. Sa leit de poëzij der krekt wat mear mei fielbere streken op. Boppedat komt de harmoanyske wikselwurking tusken kleur en foarm better ta syn rjocht. Tagelyk kriget de ferstilling op it doek de lading fan in mystearje, as wie it fan de hân fan Morandi. As rêstpunt foar it each soe it lânskip ommers krektlikegoed in Natura Morta wêze kinne.
Wa wit stiet de titel, dy't de skilder syn kreaasje meijûn hat, ferskûle op de achterkant fan it doek en moat de sinnige skôger der nei riede. Yn alle gefallen sil de tiid it leare of it 'raapsie' namme makket yn de earegalerij fan ikoanen. Ûnmooglik is it net.

natura morta


Wat wol in skilder mei syn wurk sizze? Dat is in fraach dy’t net direkt by elkenien opkomme sil, mar wol foar de hân leit. Mooglik jout de fraach rjochting oan it besjen en makket it in skilderij nijsgjirriger.
No sil net elke skilder mei syn wurk in ferhaal fertelle wolle, sa't ek net elkenien by it besjen fan in skilderij der nei siket. Mar dy't dat al dogge, soenen dy dan kollektyf itselde waarnimme of betinke se mar wat? It kin grif alle kanten op. Dy frijheid ha we gelokkich. Dat makket dat it goed yn dy opnimmen fan watst sjochts fertuten dwaan kin, want der stekt faak mear achter dan ast tinkst.
Foar it wurk fan ferheljende skilders jildt fansels ek: hoe wurdt it ferteld? En dan kinst dy ek ôffreegje: wurdt it altiten wol begrepen? Dat hinget dan wer fan de waarnimmer ôf. Miskien hâldt dy himsels wol foar de gek.
Guon skilders sizze it moai op. Dy lizze har der op ta en skilderje maklik yn alle talen. By oaren moat der wat djipper oer de stof neitocht wurde. By it ferneamde wurk fan Giorgio Morandi - dat foar myn eagen like stil as in goed boek ta libben komt - freegje ik my bygelyks ôf: wat is it leitmotyf of de reade tried yn syn stillibbens? En hoe sit it mei de karakters? Syn komposysjes lykje bytiden op groepsportretten fan in fredige famylje. Mar dat is ferrifeljend. Want wat langer ast der nei sjochst, wat skerper der in ferskaat fan bylden op dy ôfkomt. It kin krektlikegoed in ploechje opsketten jongelju wêze dy't nei de kroech ta sille. Of in stel útrûpele, yllegale ymmigranten dy't fergees sykje om in dak boppe de holle. Yn it slimste gefal hâldt de Italiaanske skilder ús in spegel út syn eigen jeugd foar en sjoch ik nei in keppel byinoar dreaune boargers dy't ûnskuldich foar in fassistysk fjoerpeloton stean te wachtsjen op it genadeskot. Mar och, ik hâld mysels grif foar de gek en meitsje der mar wat fan.
    

omlein

   Geef as kryt
   stie er de tiid
   manmoedich,
   steech en stoer.

   Sawat tritich jier
   woartele en woeks
   de siedling fan in
   houten túnkershân
   as ienling op it hiem.

   Wynbrekkend hoede er
   ûnder syn griene teisters 
   oer jûpske darteldowen
   en sjongsume klysters.  

   It wie syn tiid,
   mei trochfike ieren
   joech er beliis,
   sa geef as kryt.


medium


Mei in iepen doek komme op it toaniel pakkende foarstellingen ta libben, wylst dy dramatyske dynamyk op it wite doek yn de bioskoop faak ek te bewûnderjen is. Gâns duorsumer is it fisuele effekt fan it beskildere doek, dêr kinne sels de grappen en grollen fan Youtube net tsjin op. In goed skilderij sprekt mei syn útdragende keunst iuwenlang ta de ferbylding. It ferstille ferhaal fan it skildersmedium komt op seal mei museumpublyk ek moai ta syn rjocht. Grut of lyts; klassyk of modern; abstrakt of figuratyf: it doek wol him jilde litte.


Op in statysk keunstwurk lykas in skilderij stiet de tiid stil en komt der tagelyk fan alles yn beweging. Net allinnich kleur, foarm of de djipte, mar foaral de tsjinstellingen fan it bestean. Hichtepunten en djiptepunten. Wille en pine. Libben en dea. Mei in ynkringende, ekspressive symbolyk witte sommige skilders de hurde werklikheid permanint foar it ljocht te bringen. Djiptepunten yn de beskaving troch de grouwélige gefolgen fan machtspolityk. Ferhalen fan alle tiden. Grif warskôgje dy skilders ús dat it ophimmeljen fan tirannen út it ferline, de tirannen fan it heden frij spul jouwe en diktators fan de takomst yn it sadel helpe. Spitigernôch stiet dat noait mei safolle wurden op it doek beskreaun. Dêrom stiet it hjir.


mappa mundi


Boppe de wrâld is gjin himel, allinnich in heldere, skjinne loft dêr´t, om der te kommen gjin betingsten foar bestean, oars as wat jild en in bytsje gelok.
Boppe de wrâld is gjin lânskip dat fiere kimen bestrykt, mar inkel it ile beskot fan de lucht en in ferrifeljende skossenflier fan bergen en wolken.
Boppe alles ferheven kinst fan tinken wol ha dat it bestean sûnder doel ferdwynt yn in boaiemleas perspektyf fan tiid en romte, dochs bist op dy hichte net foargoed ferlern, want heech oer lân en see roait de almachtige Google-god dyn globale plak en mjit mei bûtenierdske sinjalen tagelyk de stjerlike djipte ûnder syn alles oereagjend tafersjoch.  

spoare

De trein spoart op tiid. Yn de kûpee slûgje wat lette studinten, de measte reizgers sitte lykwols oan´e grize kant fan it bestean. In frou - krekt ynstapt - stoartelet as hikkesluter yn de al wer ridende trein troch de kûpee. Pûstend blaast se it steile ponyhier omheech. Bliid mei in plakje oan it gongpaad freget se, in bytsje stammerjend, fatsoenlik om romte. It op in mobyltsje stoareagjende famke by it rút heisteret opstannich har tas oan 'e kant. Suchtsjend ploft de frou del. Op 'e skoat omklamje har mûtele hantsjes in grutte hântas.
De konduktrise komt der oan. Kaartsjes en paskes ferskine út bûsen en tassen.
Oan de frou mei it ponyhier freget se: 'Mei ik jo ferfierbewiis ek even sjen?'
'B-bertebewiis?' stammeret dy licht yn panyk.
'De iepen-bier-ferfier-pas!' glimket de konduktrise súntsjes.
Nei fiif minuten nerveus klauwen en sykjen klinkt it: ´D-d-dy ha'k tink 
f-fergetten.'
'No -no!', begjint de spoarbeamte op hege toan tsjin de passazjier gâns âlder as harsels, 'dat is net sa bêst, dan moatsto tink mar even in ferske sjonge.'
It wurdt mûskestil yn de stiltekûpee. De poerferlegen frou, hast like read om´e holle as har jas, hakkelt:  'M-m-marr... '
'Wêr sil de reis hinne?' wurdt se ûnderbrutsen. Har bestimming wit se gelokkich wol. 'Nei it wurk, op it deiferbliuw.'
'O?'
Hast ek in identiteitsbewiis by dy?
'Dy sit yn de b-beurs'.
'En dy leit seker thús.'
'Ja!', seit de frou suver feromme, 'ja, op de t-t-tafel!' Dêr is se ek wis fan. Fergetten is net ferlern.
De konduktrise pakt der in opskriuwboekje by.
'Dan sille we dyn gegevens even notearje moatte.'
De namme komt der flot út.
'Moai, en it adres?'
Lûkend oan de skouders fisket de frou in map út har tas. Iepenteard falle njonken in grutte foto fan harsels de twa rigen kleurige winkelpaskes it measte op. Achterop de foto stiet in adres.
De konduktrise knikt nei de samling plestik kaartsjes. 'Sit de ferfierspas dêr net tusken?'
'Néé', klinkt it lilk, 'd-dat kin net, d-dan reitsje ik hielendal yn de war.'
De konduktrise meldt it gefal fan swartriden mei har mobyltsje by it kantoar fan it spoar. Letter foar letter staveret se de namme fan de foto.
 Op 'Ja, nee, ja en nochris ja', folget 'tankjewol' en 'doei'. Dan begjint se te skriuwen. Yn blokletters,  krekt en sekuer. As lêste set se ûnderoan in kribeltsje. De frou yn de reade jas sjocht it burokratyske barren benaud oan. Wat rûch kriget se it skriuwblokbriefke yn de hannen drukt.
'Sa', kriget se koartôf te hearren, 'hjir kinst hjoed mei fierder reizgje, mar pas op, net werom nei hûs!'