Ik wit net wat dat is mei de tiid. Giet it hurder ast reizgest? Of giet de reis fierstente fluch foarby? Underweis wachtsje duorret dêrtsjinoer hast altiten te lang, mar dan is it achternei faak wer folle flugger foarby gong ast tochtst. Der by sitte of wat rinne makket soms ferskil, want foar it gefoel ferrint de tiid faak hurder as't yn beweging bist, al fleane in protte lange oeren sitte yn it fleantúch ek wolris yn in sucht foarby.
Ja, it is in nuver spul mei de tiid. Net inkeld de fraach wêr’t it bliuwt is nijsgjiirrich, mar ek: wêr komt it wei? Wêr’t it hinne giet is it geheim fan de smit. Guon reizen duorje dy soms net lang genôch, wylst somtiden woest dat it wat mear opsjitte koe. Yn't foar hast it noch net sa yn’ e gaten, want it ferrifeljende tiidsbesef oerfalt dy faak pas ûnderweis. Dan besefst dat tiid hielendal gjin fêste faktor is, mar in begryp dat dy te fiter hat. Dan is it nacht as it ergens oars noch ljochtdei is. Dan is it heechsimmer en hiel fierfuort djip winter.
Nee, ik wit net wat it is mei de tiid. Ik bin de rjochting ek al kwyt. Want de sinne stiet net yn it sûden, mar skoot om tolve oere middeis heech yn it noarden foarby. Hy draait wol fan it easten nei it westen, mar giet hiel apart fan rjochts nei lofts. Dat is wennen. En as ik nachts nei de stjerren sjoch, dan mis ik de fertroude loft. Neat is itselde. Al duorret it net lang mear, dan ferlit ik de wrâld, dêr't de tiid der noch even net ta docht.