‘Wêrom soe ik it net
wêze?’
‘Do lienst ommers noait
in boek?’
‘Ik kom der wol geregeld
om kofje.’
‘Is de kofje dan by’t
abonnemint ynbegrepen?’
‘Nee wis net, dêr betelje
ik foar, mar ik krantsje fergees.’
‘Ast it abonnemint
opseist al, ja.’
‘Och, dat lidmaatskip is
mar fyftich euro.’
‘Dêr kinst yn de
boekhannel wol twa boeken fan keapje.’
‘Ja, ast sa begjinst te
rekkenjen, dan kin ik ek wol fyftich boeken by de omrinwinkel helje.’
‘Presiis, en de kofje
is der fergees.’
‘O, ja? Dus dêrom kofjedrinksto
yn de omrinwinkel.’
‘Ut in papieren bekerke
smakket it ek poerbêst.’
‘En keapest dêr dan boeken?’
‘Soms.’
‘Dochs net fan dy snústerige
ôflizzers, mei fingertaasten en slanters, wol?’
‘Der lizze ek
spiksplinternijen by.’
‘Dat mienst net. Krekt
as yn de biblioteek dus.’
‘En kinst by de omrin
alle Fryske skriuwers fine foar in euro it boek. IEN euro!’
‘Tsjong, dat is net
ferkeard, mar do lêst ommers noait Frysk.’
‘So what? De opbringst fan
de omrinwinkel is foar in goed doel.’
‘Dat is my ek wat,
boeken keapje en se net lêze.’
‘Ja, mar ik bring se nei
ferrin fan tiid altiten werom.’
‘Dat moat by de biblioteek
ek!’
‘En dat kostet dy dus fyftich
euro yn ’t jier.’
‘Och, goed besjoen is
dat ek foar in goed doel!’