bestimming


Mei foarjiersfûgelsang,
ûnder soele simmerwinen,
yn de lange, ripe hjerst
en by skraal winterwaar:



erflik daget it ljocht
oer it lêste selsferkeazen
ierdske libbenslot fan de
rêstende nammeleazen
yn it ivige akasiabosk
fan Nijehoarne.


mjoksje


Wat rommest op ast oant opromjen bist; de rommel om dy hinne of de rommel yn de holle? Miskien is it fan beiden wat. Dat soenen je fan tinken ha kinne, as je op in bepaald stuit de oanstriid krije en reagje de boel ris út. In bytsje oarder is yn alle gefallen net ferkeard. It hoecht net himmel en brânskjin. It hoecht ek net omdat it moat. Mar it kin, at it sin der nei stiet. Soms bin je oan sa’n momint ta. Miskien omdat it heech tiid en dêrom needsaaklik is. Utstel kin net ivich wachtsje.
In garaazje útmjoksje is al gau in hiele put, lykas in hok dêr’t mear as inkeld de biezem trochhinne moat. It hûs is yn ’e regel flotter oan de kant. Dan bliuwe de kasten noch oer. De oerskotkluzen fol wolfeartrestanten.  En lang om let as lêste om oan te pakken: de ynhâld fan de boekekast. It omkafte papier dat ek as keamerpronkstik ôfdien hat. De ferhalen mei tûzenen elokwinte wurden dy’t ferjierre binne. Ald is fansels net altyd út de tiid, mar lykas mei oerripe fruchten begjint âld papier wol faak te rûken en giet it krekt as mei it ûnthâld, dat stadichoan griis, grau en grimelich wurdt.
It ferget karakter en pak troch mei it mentale proses fan hifkje en skiftsje. Wat kin fuort en wat kin bliuwe? Of better sein, wa rommet it fjild en wa kriget noch in jier of wat útstel fan eksekúsje? It ôfskie nimmen is dreech. It skansearre slachfjild bliuwt grif mei grutte kraters oer. It is net oars, ofstân nimme is loslitte. As de reek oplutsen is moat de tiid de groeden slite. Dus dumpe dy hap! Bring de boeken nei it boekenhôf. Kear it paad en sjoch net werom. Dat skept romte yn de holle en plak foar wat nijs op de planken.

Opgong



De hagebeammen
rûke dat it rikket,
it piipkrûd hinget
as reek yn de wâl,
dêrtusken baarnt
it raapsied triljend
mei in sêfte gloede
en de koekkoek dy
bout syn echo nei.

It is maaie, ik fyts
yn in fonkelnije tiid
wifelriedich troch it
bloeien fan de ierde.

Mienskip

It is nuver, mar elkenien seit hoi, moi of goeie ast hjoed de dei even in slach troch de buorren dochst, dat wie neffens my foarhinne selden sa. Benammen poerfrjemd docht it stelselmjittich, net oars as wie it regele by de wet. Dochs is alles fierders noch by it âlde. De maitiid lûkt wer yn de moaiste simmerklean oer it lân. Blommen baaie hast alle dagen yn it blau fan de skjinne loft en it fûgeltsjeguod spaant yn kommisje mei kabaal troch de hagen en beammen. Mar sa’t ik al sei, fytsers, kuierfolk en rinners, it groetet inoar mar ta, ik hear oars neat as goemoarn, goedei en dach. Ik stean der fersteld fan hoe aardich de lju wêze kinne. Hast elkenien docht it. Minsken noch oan ta, je sille mar safolle kunde ha. 
Der binne trouwens ek guon dy’t benaud en wat mijend knikke, al of net mei in fyn glimke om ’e mûle. De stikemerts dy’t har achter swarte sinnebrillen ferskûlje hast fansels ek altyd noch. Oaren dêrtsjinoer swaaie en roppe soms al fan fierrens, datst tinkst dat se dy even ha moatte, mar dat is dan gelokkich net sa.
Wat driuwt elkenien dizze dagen, fregest dy ôf, wat bringt har yn dy fleurige stimming? En soe it sa bliuwe? Of is it mar sa’n rite, dy’t nei de earste de bêste stoarm wer oerwaaid is? Hawar, efkes de hân opstekke kin gjin kwea en it is moai dat it sa kin, dat ik skik my ek mar yn dat sosjale lot dat de minsken yn ’e besnijing hat en dat mienskip hjit.  Mar nuver is it, dat elkenien dy sa fatsoenlik groetet, want allegear gean se mei in hiele grutte bôge fan hast mear as oardel meter om dy hinne. Ferfelend is soks lykwols net, dat om my bliuwt it sa.