Mienskip

It is nuver, mar elkenien seit hoi, moi of goeie ast hjoed de dei even in slach troch de buorren dochst, dat wie neffens my foarhinne selden sa. Benammen poerfrjemd docht it stelselmjittich, net oars as wie it regele by de wet. Dochs is alles fierders noch by it âlde. De maitiid lûkt wer yn de moaiste simmerklean oer it lân. Blommen baaie hast alle dagen yn it blau fan de skjinne loft en it fûgeltsjeguod spaant yn kommisje mei kabaal troch de hagen en beammen. Mar sa’t ik al sei, fytsers, kuierfolk en rinners, it groetet inoar mar ta, ik hear oars neat as goemoarn, goedei en dach. Ik stean der fersteld fan hoe aardich de lju wêze kinne. Hast elkenien docht it. Minsken noch oan ta, je sille mar safolle kunde ha. 
Der binne trouwens ek guon dy’t benaud en wat mijend knikke, al of net mei in fyn glimke om ’e mûle. De stikemerts dy’t har achter swarte sinnebrillen ferskûlje hast fansels ek altyd noch. Oaren dêrtsjinoer swaaie en roppe soms al fan fierrens, datst tinkst dat se dy even ha moatte, mar dat is dan gelokkich net sa.
Wat driuwt elkenien dizze dagen, fregest dy ôf, wat bringt har yn dy fleurige stimming? En soe it sa bliuwe? Of is it mar sa’n rite, dy’t nei de earste de bêste stoarm wer oerwaaid is? Hawar, efkes de hân opstekke kin gjin kwea en it is moai dat it sa kin, dat ik skik my ek mar yn dat sosjale lot dat de minsken yn ’e besnijing hat en dat mienskip hjit.  Mar nuver is it, dat elkenien dy sa fatsoenlik groetet, want allegear gean se mei in hiele grutte bôge fan hast mear as oardel meter om dy hinne. Ferfelend is soks lykwols net, dat om my bliuwt it sa.