Wat
rommest op ast oant opromjen bist; de rommel om dy hinne of de rommel yn de
holle? Miskien is it fan beiden wat. Dat soenen je fan tinken ha kinne, as je
op in bepaald stuit de oanstriid krije en reagje de boel ris út. In bytsje
oarder is yn alle gefallen net ferkeard. It hoecht net himmel en brânskjin. It
hoecht ek net omdat it moat. Mar it kin, at it sin der nei stiet. Soms bin je
oan sa’n momint ta. Miskien omdat it heech tiid en dêrom needsaaklik is. Utstel
kin net ivich wachtsje.
In garaazje útmjoksje is al gau in hiele put, lykas in hok dêr’t mear as inkeld de biezem trochhinne moat. It hûs is yn ’e regel flotter oan de kant. Dan bliuwe de kasten noch oer. De oerskotkluzen fol wolfeartrestanten. En lang om let as lêste om oan te pakken: de ynhâld fan de boekekast. It omkafte papier dat ek as keamerpronkstik ôfdien hat. De ferhalen mei tûzenen elokwinte wurden dy’t ferjierre binne. Ald is fansels net altyd út de tiid, mar lykas mei oerripe fruchten begjint âld papier wol faak te rûken en giet it krekt as mei it ûnthâld, dat stadichoan griis, grau en grimelich wurdt.
It
ferget karakter en pak troch mei it mentale proses fan hifkje en skiftsje. Wat
kin fuort en wat kin bliuwe? Of better sein, wa rommet it fjild en wa kriget
noch in jier of wat útstel fan eksekúsje? It ôfskie nimmen is dreech. It skansearre
slachfjild bliuwt grif mei grutte kraters oer. It is net oars, ofstân nimme is
loslitte. As de reek oplutsen is moat de tiid de groeden slite. Dus dumpe dy
hap! Bring de boeken nei it boekenhôf. Kear it paad en sjoch net werom. Dat
skept romte yn de holle en plak foar wat nijs op de planken.In garaazje útmjoksje is al gau in hiele put, lykas in hok dêr’t mear as inkeld de biezem trochhinne moat. It hûs is yn ’e regel flotter oan de kant. Dan bliuwe de kasten noch oer. De oerskotkluzen fol wolfeartrestanten. En lang om let as lêste om oan te pakken: de ynhâld fan de boekekast. It omkafte papier dat ek as keamerpronkstik ôfdien hat. De ferhalen mei tûzenen elokwinte wurden dy’t ferjierre binne. Ald is fansels net altyd út de tiid, mar lykas mei oerripe fruchten begjint âld papier wol faak te rûken en giet it krekt as mei it ûnthâld, dat stadichoan griis, grau en grimelich wurdt.