Datst dysels yn in boek tsjinkomst is gjin raar ferskynsel. Dat kin gebeure. Boeklêze is soms krekt as troch it rút ergens nei binnen sjen. Achter it glês bart fan alles en tagelyk reflektearret it de lêzer dy’t oan beide kanten liket te stean. It kin mei in tsjok masterwurk of mei in wat lichter boekwurkje, dat docht der net ta. It is mar hoe’t it each der op falt. Sels as it rút beslein is of smoarch fan fingertaasten dan kinst dysels noch as in dûbelsinnige manifestaasje yn dat oare universum treffe. Docht in skriuwer dat ûnbewust of is it opset sin? Dat lit him riede.
As lêzer kinst mei dy moeting dwaan watst wolst. Kinst de konfrontaasje út ’e wei gean omdat it dy besaud, mar kinst de ûnderfining ek as in ekstra diminsje fan it boek yn dy omgean litte.
Ik lit my troch de gewaarwurding fan mysels yn sa’n literêr fermidden graach ferrasse. Ik wol mysels wol tsjinkomme. As in aha erlebnis bygelyks of as de iepenbiering fan in Freudiaansk geheim. Net dat ik om sa’n dûbelgonger sykje, mar it soe moai wêze as it spegelbyld fan wurden yn myn eigen taal in wrâld opropt mei in bestimming dêr’t ik my thús fiele kin. In wrâld yn in oare tiid, dêr’t ik mei de frjemdling fan myn oare sels yn de kunde kom. In tiidleaze, ûnfergonklike reizger yn nijsgjirrige kontreien. In folslein nij karakter mei myn gedachten. Gedachten dy’t tusken heakjes pleatst wurde kinne en de sinnen mei-inoar yn ferbân bringe. Sa belibbest de wille en it fertriet fan it ferhaal yntinser en fielst de spanning better. In knappe skriuwer dy’t dat tusken de rigels troch foarinoar krije kin.
erlebnis
hjerst
In rekwiëm fan kleuren
ferstjert mei brutsen ljocht
yn de huverige beammen.
Skel is it ferfal fan de lêste
felle toanen foar it roukleed
dat de ierdske tiid beklaaid.
De wyn rekket yn ferfiering
wylst it Lacrimosa mei de rein
oer it kâlde lân ferwaaid.
byld
It byld dat hingjen bliuwt:
it wankele moarmerwyt
mei splinters fan noed
yn spoeksjogge eagen.
Dat bange byld, dat as in
Venus fan Milo gjin kant
noch wâl mear op kin en
op ’e lêste skonken stiet.
Wjuklam is de metafoar
fan wat machteleazens
yn it libben ferbyldet.
De loft wurdt noait wer
de te befleanen romte.
Dat bliuwt dy altiten by.
lânskip
By in ûnbeskaat
lânskip
Sirkulêr
De tiid falt rimpen
op de delgeande dyk
kinst de ribben lêze.
Op de ferwâde siden
fan de behurde grûn
lizze de wurden fêst.
It is in neaken gedicht
oer hoe’t we sirkulêr
troch de tiid blêdzje.
put
ferfal
De reis
fan hjir en dêr,
fan fierder fuort
en no noch ûnberikber
of mooglik al te fier,
allegear helder yn ’e holle.
Al dy portretten
fan doedestiids
fan no: dit heden
en dan - miskien
oait noch ergens oars,
allegear helder foar it each.
Alles yn libbene kleuren
en linige foarmen
mei sêfte tearen
en hurde kaders
fan it begjin oant de ein,
allegear yn it ritige ljocht.
De reis: de waarnimmer
fan alles wat ûnferjitlik is.
bestimming
Weromreis
ynstelling
Wat is de oerienkomst tusken de bewegende bylden fan de
plestik fake-fabryk dy't telefyzje hjit en it autentike, stille byld yn in
(gouden) lyst út in museum? It antwurd is net yngewikkeld. Allebeide hingje se
meastal oan de muorre. De iene thús, de oare faak yn it kulturele ûnderkommen
dêr’t it as wurdearre keunstwurk in thús fûn hat.
Likegoed is it ferskil tusken de statyske glimplaat mei
bewegende keunsten en de duorsume stof mei libbendige ferbylding hiel grut en
it kontrast opfallend. Kabaal fersus stilte. It ferskil yn populariteit
is navenant en tagelyk ek signifikant. Wêr leit him dat oan is dan de fraach. Omdat
ik dat net wit, stean ik mar wer even stil by de oerienkomst. Beide jouwe se
ynformaasje oer de hjoeddeistige en âldere beskaving. Sawol fake as autentyk.
Beide ferstrekke se sa ynformaasje oer it publyk dat se oan har bine. Oft dat
ien en itselde publyk is lit ik bûten beskôging, want alle minsken binne ommers nijsgjirrich
fan aard en litte har graach fisueel entertaine. Telefyzje, it sirkus, film, in
sportwedstriid. Foar de ien boartersguod en foar de oar snobbersguod. Ja, lykas it
teater of in museum.
Wat is no it punt yn dizze kwestje? It sit him yn de
smaakynstelling hearde ik koartlyn ien sizzen. It gong ergens hiel oars oer,
likegoed die de útdrukking my tinken oan in apparaat datst oan en út sette
kinst. Ik tink dat lêste om de wille fan kostbere stilte.
Beklach
De hagebeammen skrieme
oer it riboskjend
spoekekrûd
en it roukleiend raapsied
gappet delslein nei de
siken.
Op ’e klaai fleane
ferklomme
fûgels har út noed te
pletter,
wylst harren healneakene
pykjes
fergees longerje nei wat
fretten.
It is maaie:
leedoansizzend
waaie de waargeasten oer
sompige geaen en grêven.
Maaie: in nije tiid soe it
wêze,
mar in nij lûd, dat lit
fierstente
lang al op him wachtsje.
fleane
Dêrearne
Dêrearne
twaspjalt
De mûne stiet op ’e weau en mealt. It wetter sakket, mar it measte part fan it
fersûpte polderlân eaget lykwols as in grutte sompige blikke. It raffelich
reid besiket noch wakker de trochsêde petgatten yn de stringen te hâlden.
Keppels guozzen skrasse harren rûte yn de loft en skeare mei it lûd
fan in pandekselsonate yn sostenuto oer de keale krite. Manmachtich delstrutsen
frette se har sêd oan it subsidiearre boeregers. Swannen driuwe as soargeleaze
slachskippen by twaen yn de spegelglêde sletten. Gjin mins of bist dy’t har te
nei komt.
Ik sjoch ien wite reager, wylst der foar de winter wol
acht omteagen. Wêr binne dy bleaun? Blauwe reagers, binne der noch genôch. By
de sleatswâlen del, yn de groppen en tusken it reid spylje se, as iensume wachters
yn âld baitsjes, de baas fan it fûgeltsjelân. Op har wite neven en nichten stean
se net te wachtsjen. Wat docht dat fine fûgelguod hjir, sille se wol tinke. Se komme út Sûd Europa wist ik. Sûnt in nij klimaat ús temjitte komt hat de wrâld foar har ek
gjin grinzen mear. As ymmigranten moatte se it lykwols gauris belije. Dêr’t in
wite him om fretten deljaan wol, dêr komt in blauwe him faak fûl oer it mêd.
Twaspjalt yn de petgatten. Nuver, want der is romte genôch.
waan
Surplace
2021
2021 DINGEN
It
ljocht wie dy earste dei bysûnder
ûngewoan
foar in dei dy’t wol wat stil,
mar
fierdersoan hiel normaal ferrûn.