blau


De kleur fan wetter is as de loft
in refleksje fan lucht en ljocht,
it ferifelet de eagen
en it glûpt dy troch de fingers
omdatst der gjin gryp op krijst.
De kleur fan wetter is as de wyn
dy't de weagen jaget
of se yn de jamske fâden slacht.

Dy kleur is fansels 
in paradoksale persepsje,
likegoed priuwt it as wetter 
dat nei it lûd fan de see smakket.
Ik hear it rûzjen as ik der nei sjoch
en mei de eagen ticht
rûk ik it noch better.