the Stones


To the Stones stiet op de bus
en dêr sil ik hinne,
nei de stilsteande stiennen
op in hôf út de ferline tiid.

Klokken liede der net
en mei it keppelfolk, 
dat ek nijsgjirrich is,
draai ik der yn in staasje, 
as mei in oerwurkwizer,
stil om hinne.

Pilaren fan de loft
tink ik ûnderweis,
poarte nei it ûnbekende,
boarne fan fantasij
of de lêste halte fan in lange,
lange ûnbestimde tocht.

Foar oaren is it in begjin
as it midsimmerljocht 
op in wolkenleaze iere moarn 
begjint te skinen.

It is my bêst genôch,
dêr kin ik net op wachtsje.
Stien foar stien rin ik de tiid foarby,
sawat oan de ein ha ik myn nocht,
ik kear it paad, 
stean even stil
as in stien
en begjin dan
op' e nij te rinnen.