It mantsje!

As Wassily

Yn atonale lagen
skilderet de dichter
en dichtet er as skilder
syn yntrinsike sagen.

Se binne ryktalich
mei betsjoene bylden
dy’t de magy ferbyldzje
fan kosmyske ferhalen.

Hy tekenet syn tinken
yn in kriptyske sprake
dêr’t bylûden út klinke.

En wa’t it ferneare kin,
werkent grif de muzikale
gelikenis mei Kandinsky.




hjerst

Slachtmoanne

It is wer sa fier,
it grien draacht del,
gapjend nei de siken
slyt novimber syn dagen.

Ripe beammen ferwaarje,
binne de moedfearren kwyt,
rydboskjend bliede de tûken
en it blêdte fertutearzet stadich.

De healsliten tiid liket tryst
en treasteleas, dochs sprute
der noch opstannige kleuren
balstjurrich út de ierdske ieren.





tûk


In Slimmerick

In (w)âldman en skilder mei potinsje
Dy skildere o sa graach minsken
Mar doe't it net mear woe
Omdat er it net mear koe
Die er it sûnder him te betinken
Mei keunstmjittige intelliginsje.


 

fuort

In fuort-gonger

Op it each ôf noch
aardich fytsfluch ried ik
mei rêchwyn oer in syd-
spoar fan myn dagen.

It doel wie in eilân
oer in dyk en it waad
om dêr yn de fierte
fan de see te eagjen.

De tsjillen draaiden,
as klokken op’ e rin,
domdryst tsjin de floed
fan de takomst yn.

Mei in skip teach ik,
suver op wjukken
fan in flecht kobben,
oer opgeande weagen.

As berêste fuort-gonger
belâne ik oer lân en dún
by it strân dêr’t de simmer
it waar en de tiid betsjinne.

Ferwezen stoareage ik
oer de see nei de kime,
avesearje wie sinleas,
der wie dêr gjin fierder.



septimber


It Alde Gea

Sa’t it ea wie, bestiet dat noch,
dat fertroude lânskip fan doe:
it âlde gea, it bestean, it libben
fan argeleaze minsken en bisten?

Alles bloeide oerwâldbestindich
sûnder betingst om ús hinne.
Plant en blom groeide frij fan gif
en woartele toarstleas yn ’e sinne.

Is it lûd fan kij noch like froed
as op in moaie neisimmerdei
yn septimber fan de foarige iuw
mei al dy ûnskuldige beammen?

It ljocht, licht as wolken, filtere
alles wat grien wie ta in ryk ferskaat
fan oer it gea waaierjende tinten,
triljend as in lette simmertwirre.

Bestiet soks noch, sa’t it ea wie?
Of liket it mar sa, dan is de skyn
miskien de skepper fan de wille
dy’t myn digitale each te fiter hat.


 

ergens

Sil it bestean?

Soe ik sile kinne,
ik socht in skip
dat my gerive koe,
in skûtsje bygelyks.

Dan stie ik as skipper
fan sa’n pronkjuwiel
waanwiis oan it roer
dat my wol wize soe.

Ik sylde mei alle winen
oer fearten en marren,
likegoed as alle seeën
en de djipste oseaan.

It sil net bestean,
mar mocht it barre
lit my dan mar gean,
ik syl wol ergens hinne.



Syl!


 

sterk


 

Wyn






 

Stilte


Yn it jûnskaad 

fan myn simmertún

jout it twiljocht
stadichoan beliis.

Hoeden bemantelje tinne skimerlûden as spinreach
it ierdske leven.

In swarte krie skelt noch hurd even mei grauwe flokwurden de tsjusterjende himel stikken.

Dêr, dimmen delbêde, dichtsje myn gedachten oer de stilte fan de nacht op kommendewei en mis ik de libbene kleuren fan wer in ferlerne dei.


De Slachte



De ûneindichheid berinne

Ik rûn tiidleas tinkend
troch in greidegriene see oer in stik fan de Slachte sûnder in spoar fan minsken.

Dêr earne tusken de himel en de ierde stie ik even stil, ik hearde inkeld de wyn en wat fûgels om my hinne.

Deemoedich frege ik my ôf: 

soe dat ivige boeresimmerlân
en dy lea ferwrotten âlde dyk,
faaks ea wer yn see ferdwine?

Wat is it dan in grut foarrjocht
dat ik hjir hielendal allinnich,
sûnder kloften minskefolk even de ûneindichheid berinne kin.


De reis






Is it in reis
ast op paad en wei
troch de tiid
omfierrens giest,
mar net witst 

wêrst hinne silst?

Is it in bestimming
ast oer drokke wegen
nei ferrin fan tiid
in rêstplak fynst
mar net witst
wêrst bedarre bist?

Is it dyn libben
ast weromsjochst
yn de weirekke tiid
nei de rûge spoaren

dyst fernuvere
achterlitst?

Maaie

Festina Lente

Ik bin de wrâld yn fytst
om doarp en stêd hinne

oer lege lanterfantdiken
om de Maaie te hifkjen.

It is in ierebetide flecht
sûnder ferlet fan minsken
en it eachsein stiket net
op ôfsletten grinzen.

Boppe it ûnskuldige grien
yn suver ûnbedoarn blau
skynt de raapsiedgiele sinne.


Dêr, tusken it nuete wyt
fan de rokige hagetoarnen
fyts ik stadichoan de tiid út.

Fûgelfrij


Ik sjoch graach
wat om my hinne
mei in iepen each
nei nijsgjirrige dingen
dy’t my ûnderweis
tsjinkomme sille.

De wrâld is in reis
dyt’st oeral makkest,
net oars as in flecht
oer in see fan bylden
mei it perspektyf
dat in frije fûgel hat.

Wêrhinne is al hast
in bestimming en dêrhinne
is krekt in hûs as thús,
dêrom is it eins spitich
datst altiten op dyn paad
weromkomme moatst.

de blues

 

Blauw    Armando

sûnder igge
of seame
keart it sicht
wetterspegeljend
grûnleas djip
nei it brânpunt
fan it pigmint
om sa ûndersteboppen
op ferheven hichte
mei de wolken
- ins Blaue hinein -
ferlichte wei te wurden
yn it mystearje
fan de keunst

Ergens

 



Ergens hinne


‘Ik sil fuort,

wêrhinne

dat wit ik net.’

Hy wie fan betinken
dat de bestimming der net ta docht.

‘Ik sjoch it wol’,

sei er betochtsum,

‘der sit my

neat yn de wei.
Ik ha de romte

oer it paad

fan de totaliteit.’



Te plak
Dan komt er 

ergens oan

dêr ’t er gjinien ken.

De tas oan ‘e kant,

de jas oer de stoel

njonken it opmakke bêd.

In finster mei útsicht

oer in frjemde stêd

en wekkerwurde 

sûnder hinder.

It is net minder

as it útpakken

fan in geskink.



Werom

Al is miskien de mins 

de maat fan alle dingen,

in reis nimt grif

de mins de maat.

Alle stappen 

spoare troch de tiid

nei it ûnbekende.

Sels de weromreis

bringt him fierder

fan hûs as er tinkt,

omdat it gjin lêste

bestimming is.


in nij begjin

(mei kâlde fingers)


Hy hie online - want dat moast - in ôfspraak makke foar in nij paspoart en in ID kaart. Trije dagen lang krige er doe yn’t foar in 'herinnering' yn de mail. Oant sels twa oeren fan te foaren ta.
‘Ik waard der der suver senuwachtich fan,’ sei er tsjin de aardige amtenaresse doe’t er him eksakt op it goede tiidstip by de baly fan de grutte burokratyske katedraal melde.
'Ja', sei se mei in sucht, 'en dan binne der noch minsken dy't net opdaagjen komme.' 

De digitale intelliginsje makke guon blykber net tûker, tocht er. Sels wie er wol bliid dat er fan in protte papieren rompslomp ôf wie.
‘Ha jo twa pasfoto’s meinaam?’ frege se wat strang. Grif in teken dat goed lêze wat er yn in mail stiet ek minder waard.
Twa kear moast er in hanteken sette, twa kear waard it nei in kompjûtersken goedkard. Mei in tefreden knikje fan de jonge frou der by.
Soe se har hier sa ljocht ferve ha, skeat it troch him hinne?
Se sloech de blauwe eagen nei him op,  as woe se sizze: no komt it!
En dat wie ek sa.
‘No moatte we jo fingerprinten noch even skenne. Dat is ferplicht’, sei se.
Hy hie it net lêzen yn de mail, mar hie goed yn de gaten dat er him dêr net foar wei wine koe.
Se skode in lyts apparaatsje nei him ta. De funksje wiisde him fansels. Tocht er.
‘Ho, ho, ho!’, rôp se krekt wat te lûd, ’it lampke moat earst read baarne.’
Skrokken lûk er de hân wer om. 

It mocht noch in kear op nij. Earst de lofter wiisfinger. Dat slagge net. Dan de rjochter mar. Wer mis.

It biometryske proses hapere like bot as de alderearste wifi fan jierren tebek. 
Op de pink en tomme nei kamen alle fingers mear as ien kear oan bar.
‘Sa slim ha ik it noch noait meimakke’, krige er wat noartsk te hearen. Hy fielde him suver skuldich.
‘In krimineel soe grif bliid mei sokke fingers wêze.’ besocht er de gek der wat mei te slaan. Gjin reaksje.

Mei in lichte kleur meande se ferwoast mei de mûs oer it buro. It holp neat.
‘Ik ha krekt in oere swommen’, ûntskuldige er him, de fingers binne tink ik noch kâld en glêd fan it gloarwetter.’
Hy pûste en blaasde ris yn de stive fûsten. Bylden fan in gnyskjende Elon Musk dy’t Bill Gates in high five joech kamen even by him op. Sei dy lêste net dat it takomstige keunstferstân fan apparaten net inkeld lêze en skriuwe kin, mar ek problemen oplost?
‘Watte?’
Oft er even mei de fingers by de noas delstrike woe.
‘Huh?’
‘Dan wurde se wat glysterich.’
‘Oh!’
Syn boargerlike rjocht op de tsien minuten dy’t foar de oanfraach stienen wienen al om. Hy krige ek syn nocht, dat hy poetste de kâlde fingers op de noas hast krekt sa read as it lampke fan it systeem dat him yn de biometryske krochten opslaan moast.
De intelliginte datalêzer fan de mins hie it der noch hieltiten dreech mei, mar syn opdracht waard folbrocht. De beide middelfingers woenen it bêste. Hy stuts ien op, om him ôf te reagearjen. Under de baly, sa fatsoenlik wie er noch wol.
Doe mocht er betelje.
‘Ja wis, kin dat wol digitaal’. Se sei it as wie it de domste fraach fan de dei.
Syn hannen trillen in bytsje. De blauwe tosk fan de telefoan krige gjin byt op it automaatsje. Nei trije kear besykjen en ien binnesmûlsk raar wurd kaam it sinjaal goed oer. Akkoord!

Foar 120 euro koe Big Brother as it sa útkaam syn lyk no makliker identifisearje. Mar at se my yn it wetter fine, dan wurdt it neat, stelde er fêst. 

Mei iiskâlde hannen seach er bûten op de telefoan dat er syn nije identiteit in wike letter ophelje koe. Dat joech him moed. Dan koe er letterlik en figuerlik wer jierren foarút en de wide wrâld yn. 

By it thúskommen siet der al wer in earste melding fan in ‘herinnering’ by de mail.






24