It hat boekewike west. In feest foar skriuwers en foar lêzers, mar net foar dy fan it Fryske boek. Ik reizge twa winkels yn it sintrum by del, elk mei krapoan oardel meter Frysk op ’e planken. Al wat ik socht, ik seach gjin boek fan de weirekke skriuwer. Dan tinkst, soe der fanwege it ûnferwachte nijs al sa folle flecht op ’e koai west ha? Koartlyn, by it ferstjerren fan in skriuwer út it westen waard de foarriedige hannel fan de lêste grutte master breed útstald. Soks is blykber net foar in wichtige autochtoane skriuwer weilein. By de biblioteek ek gjin omtinken foar it ferlies fan de skriuwer fan de kleare taal. In part fan syn rike oeuvre stie wol foar it gripen. Mei twa spiksplinternije eksimplaren fan it ferneamste en bekroane boek der prominint tuskenyn. Hokker fan syn toppers lêst Fryslân eins, fregest dy dan ôf. Sa kaam ik wat mismoedich - it is yn ’e regel de lêste halte fan myn wenstige rûntsje - by de kreamen fan de ‘kringloop’ del. Dêr fûn ik, tusken rom fiif meter oan Frysk foar in sliterspriis, ien lyts wurkje fan de man dêr’t ik noch graach wer in kear mei fûstke wollen hie. It wie in toanielstik nei in ferhaal fan him út 1967. ‘De skriuwer foar it doarpsbelang.’
De omrinferkeaper krige my it dokumint út’ e hannen en blêde it glimkjend troch. ‘Och heare, heare, sjoch ris oan’ sei er, ‘De Skriuwer! In prachtich stik. Ik ha der sels noch yn spile.’ Entûsjast fertelde er oer de ynhâld fan it ferhaal. Sêne nei sêne kamen de lotgefallen fan de skriuwer foarby en stadichoan kaam ik te witten hoe’t de morele ynkwisysje út it doarp him hieltyd slimmer it near op lei. Ik mocht it boekje fergees meinimme.
Thús lies ik yn it foaropwurd de tajefte. De skriuwer spruts my mei wurden, dy’t as in orakel klonken, sels ta. In leske yn de betsjutting fan literatuer. ‘De bedoeling fan de skriuwer is net wichtich’, seit er ’wat telt is de tekst!’ Doe pas seach ik dat it troch spilers bebrûkte keunstwurkje mei reade pinne slim behoffene wie. Krekt sa’t de skriuwer yn it stik twongen waard om te dwaan, wienen alle sênes mei krityske ferwizingen nei god en de bibel skrast. Mar de skriuwer swijt net. De skriuwer lit him de bek net bine. Hy seit wat er sizze moat: ‘Ik sil oer jim smearlappen skriuwe!’
In fearnsjier lyn rekken we ûnderweis nei de waadseedyk yn in doarpke oan de râne fan de wrâld it spoar bjuster. Opkeard troch it wetter fan in feart moasten we werom. Nei in slach troch de buorren om de tsjerke hinne lieten we de stilte fan it hôf achter ús. Hjir komme we grif noait wer te lâne, ornearre ik. We ha der dochs wer hinne west. Foar in begraffenis.