Yn 'e kast

Men hat de kast der fol mei stean. Boeken! Net allinnich omdat it moai guod is om nei te sjen of omdat it wat lykje moat. Nee, it hat in folle wichtiger reden. It is lêsfoer! Men kin der net sûnder. Want in moai boek is in bêst miel foar in sûne geast. Moarns, middeis en jûns; in boek giet der yn as farske koeke. Sels nachts is in boek wol yn te nimmen. Faaks is it mei letters krekt as mei de leafde, men rekket der net gau op útiten en de eagen ha it graach boppe sêd.
Ja, der stean boeken genôch yn ’e kast. Ryp en grien. It is in ferskaat oan drukwurk dat der wêze mei. Der steane fansels ek in soadsje wat mindere tusken, guon dêr’t je fan sizze: dat kin elkenien wol skriuwe. Dat is de lektuer foar de ferdivedaasje. As kadootsjes eins wat ûngemurken binnenkaam ha se inkeld út fatsoen in plakje krigen. It is gaadlik guod om de kast mei op te follen en altyd handich at er minsken oer de flier komme dy’t in boek liene wolle. Fan dat folk dat geregeld freget, ha jim noch wat te lêzen? De meirinners dy’t it sa slagget om goedkeap by de tiid te bliuwen. Se sette mei in willekeurich boek ôf en je sjogge it net gau werom.
Der steane ek boeken by, dêr’t je fan tinke, leuk hear en knap dien. Boeken, dy’t yn in werkenbere taal in meinimmend ferhaal fertelle. At je it koenen, hienen je it sels ek sa skreaun. It binne meast populêre útjeften. Underhâldende lichte kost. Sokke boeken binne it fansels ek wurdich om út te stallen. Willich materiaal. Alfabetysk op oarder hearre se kreas yn it sicht te stean. Se litte har graach mei in finger oer de rêch streakje, altyd paraat om pakt te wurden.  
Dan binne der noch de boeiende boeken. De eksimplaren dêr’t je net om hinne kinne. Se stekke in ein boppe de mjitte út. Masterwurken dêr’t je fan woenen dat je se sels skreaun hienen. De unike stikken. Echte literatuer! De wurden spatte fan it papier ôf en de taal hat je by it lêzen fan de earste sin al yn ’e besnijing. Se binne skreaun om yn ien ruk út te lêzen en wurde nei it besinke litten fan de lêste rigel mei in sucht dellein. Boeken om te koesterjen. It is net ferkeard en lês se nochris in kear op ’e nij. Ek net foar de tredde of de fjirde kear. Mar tink derom; noait útliene. Dizze degelike, faak ynbûne eksimplaren lizze it leafst, om de rêch te sparjen, op in lyts steapeltsje oare klassikers, ûnopfallend op de boppeste planke. In plak dêr’t net ien by kin.
En dan is der ek noch it boek dat dreech is en tige muoisum lêst. It bliuwt mar lizzen en leit fergees mei in keunstsinnich kaft op ’e tafel te pronk. Nei ferrin fan tiid rekket it wei yn ’e kast, tusken it rychje oare noch te lêzen boeken dat takom jier miskien mei op fakânsje sil. It is in wichtich boek, skreaun yn in fernijende taal. It is spraakmeitsjend en set in trend. It wurdt, sa’t elkenien wol tocht hie, nominearre en it wint literêre prizen. Sjuerys sille der yn blomrike taal loovjend ferslach oer dwaan. Yn alle kranten klinke de resinsjes as in klok. De ferkeapsifers binne oerweldigjend en it stiet oeral en by elkenien op ’e planke. Koartsein, it is in boek dat net in minske begrypt en dat je oait sels nochris fan plan binne om te skriuwen! Ja, sa’n boek soe ik noch wol ris op papier sette wolle om it dan grutsk en foldien yn ’e kast te setten. 

Yn Exelcis

Wat in lûd, wat in frommes. Op it poadium klonk út de spegel fan de tiid in stim as in hûs. Dy kreake al wat yn ’e foegen, mar koe nei alle gedachten fan it dak ôf noch bêst de himel berikke. Bravo! In iepen doek foar it optreden fan Chi Coltrane yn it teater. It slachwurk, de basgitaar en de grutte piano by dat ferskuorrende leven fan de grand old little lady soargen bytiden foar fjoerwurk. De oerklanken út de santiger jierren daveren mei geweld oer de seal hinne en luts it entûsjaste publyk mei werom yn de tiid.
Ik hie dy stap flak foar de foarstelling al dien, wylst ik yn ’e foyer nijsgjirrich it konsertfolk deryn kommen seach. Meast wyt of griis, tin hier of gjin, en in protte froulju yn alderhande hjerstkleuren. Dêrtusken foelen in pear jongelju suver út ’e toan. Wat hienen de âlden har wiismakke dat it de muoite wurdich wie en gean mar mei? Grif hienen guon op Youtube al sjoen wat har te wachtsjen stie. Dat hie ik thús ek dien. It is gjin toer en ferdwyn op it ynternet yn in part fan jin jeugd dat al lang foarby is en troch in pear klikken samar wer ta libben komt. Opgean yn it sentimint fan; och heden, dat heucht my noch skoan! Sa gong it my. It wie net oars as rûn ik jûns nei iten wer hurd nei de buorlju ta. Dy hienen kleur en dêr seach ik yn ’e rookstoel mei in glês sinas nei it teater fan Toppop. Yeah! Live studio optredens of filmkes en at dat net koe, dan spilen se it nûmer mei rikkerige bylden fan in dûnsjende ingel dy’t op wûnderbaarlike wize net yn har lange walen fertize rekke.
Fan Chi Coltrane wie wol in filmke. Dêryn song se dat, at it har tiid wie, se graach ôfreizgje woe lykas Elijah. Streekrjocht de loft yn, op hynders mei fjurrige eagen. Je seagen it foar je, har lange hier wappere al as de moannen fan de mytyske goadenhynders dy’t se besong. Mar wa wie Elijah? It klonk ek noch as Eliza. Betizing. Wy kamen der doe net út. De plaat ha ik noait hân, je wienen eartiids mear foar de Stones. Dy songen yn dyselde snuorje oer Angie. Dat koe der krekt even better by troch. Mar Coltrane song as in orkaan. Om kjel fan te wurden.
Yn it teater die bliken dat se der noch wie. Live. En it die bliken dat se it noch altyd koe. Ek live. ‘Dan is se al sechtich jier’, sei de frou njonken my. De pauze wie krekt foarby. Blykber hie se wat útrekkene. ‘Wa?’ sei de man oan ’e oare kant dy’t by ha hearde. Hy harke mar heal, drok at er it hie mei it oereagjen fan de seal. Hy stiek de hân op nei in frommeske. It blonde dinkje soe in pear rigen fierder krekt sitten gean. Se knikte freonlik werom. ‘Dy is noch lang gjin sechtich’, hearde ik de frou noartsk sizzen, ‘wêr kinsto dy fan?’ Doe gong it ljocht út en it applaus boaze oan. Chi Coltrane kaam wer op en se weefde der op ’e nij mei ôf. Se hufte de rock en roll as in bist út de toetsen, wylst de reek achter har nei de himel kringele. Trije kertier letter wie it einlings safier, de stjer sette de earste toanen fan har ferneamste nûmer yn. ‘I wanna go like Elijah!’ Ik klapte optein mei de seal op it opswypkjende gospelritme mei en myn lippen besochten de tekst te preveljen. By de namme Elijah gong my in ljocht baarnen. Hie se even earder ek net in nûmer oer har freon Jezus song? Siet it sa? Wienen Elijah en Jezus net famylje fan inoar? Of wie it ien fan Jezus syn maten út de film Jesus Christ Superstar? Dy draaide doe ek yn dy tiid. Ik bruts my sawat de harses oer it riedsel dat hieltyd grutter waard. Ynienen wist ik it. De skilen foelen my by wize fan sprekken fan ’e eagen. Ja, ferdomme, sa siet it. It ynsicht kaam as in ferlossing, einlings nei al dy jierren.  ‘Yeah’ raasde ik, ‘Yeah, me too, I wanna go!’ De frou njonken my seach my ferstuivere oan doe’t ik har om ’e nekke foel. De seal kaam as ien man út de stuollen oerein en begûn te jubeljen en te geien. Ik fielde it fjoer yn ’e bonken. Chi Coltrane hie har lêste nûmer ynsetten. It ‘Halleluja!’ skuorde troch de seal. 

Foar in sipel en in snipel

Boeken, boeken, bakken fol mei boeken, dat sjoch ik at ik nei in knappe kuier yn ’e buorren te lâne kom. Sawat de hiele winkelstrjitte is ien grut arsenaal fan twaddehâns papier. Rekken mei klean en bakken mei inkeld rjochter of lofter skuon ha plak romme foar kreamkes. In pear kear yn ’t jier is soks normaal, dan is it boekemerk. Hjir en dêr wurdt it feest foar lêzers ûnderbrutsen mei oare keapwaar. Keunst! Nifelwurk kin men de trochnaaide rip rap fan kreative frôbelders better neame. Dêr kom ik net foar. Ik kom foar de boeken.
Ik bin net de ienichste sa docht bliken. Oare leafhawwers ha it my al ôfwûn. Kromme rêgen, lêsbriltsjes op de punt fan sykjende noazen en happich grabbeljende hannen, it seit genôch. Mar net elk is op in ynstruier út. Guon hoopje faaks dat se dat iene lang sochte eksimplaar fan in favorite skriuwer of dichter besette kinne. Dan docht jild der net ta.
Wylst ik systematysk de útstalde waar oereagje, strún ik fuotsje foar fuotsje by de negoasje del. Skerp en sekuer. At it minst wierskynlike net ûnmooglik is, dan soe it my ek samar barre kinne, dan docht myn speurtocht nei dat iene wichtige boek miskien fertuten. Dat soe wat wêze.
Hannel is hannel tinkt in man op myn paad nei alle gedachten. It is him wol te dwaan om oanbiedingen foar in skaplik priiske. Hy klaut yn in bak mei sa goed as nije detektives fan mar twa euro om. Utsykje stiet der by en dat docht er. Sabeare wifkjend pakt er it knapste boek derút. Mar hy betellet net, hy wol ôftingje. Mei in pokergesicht biedt er ien euro. De keap giet net troch. Skodholjend rin ik fierder. It oanbod is grut, mar ek iensidich, ik wol mar sizze: in soad fan itselde foar in breed publyk.
‘Ha jo ek poëzy?’, freegje ik út en troch, sels at ik al fêststeld ha dat in trochsnee kiosk mear te bieden hat. Mar, men kin noait witte, je wolle it moaiste net oer de kop sjen.
Op in stuit tref ik it. De ferkeapster wiist nei in suterich healfol doaske. Nel Benschop stiet op in kartontsje. My tinkt it erfskip fan in âld muoike. Ik knik fatsoenlik tankewol en rin fierder. Nee, ik bin der net op ôfjage en fljoch alles by del om it goedkeapste. Ik bin ek net ien dy’t te hastich in oankeap dwaan sil. Ik bin wat kiezzich. Ik sykje en ik sjoch: dy ha ik ek, en dy en dy? Ja, dy ek. Nostalgy en sentiminten spylje my parten at ik Jaap Holm en syn freonen even op ’e hân hifkje. Even letter fart De Kameleon foarby. Steapels stripferhalen wol ik wol  graach even trochspitte, ik lit se lofts lizze.
Ha jo ek Fryske boeken? Dy fraach is oerstallich. At se der binne, sjoch ik se yn ’e fierte al lizzen. Spitigernôch selden mear as tsien. Lykwols noait sjoch ik dat iene bysûndere boek. Dan kom ik einlings by in kream mei it bettere wurk. It mist net. Yn in eachwink werken ik oan de rêgen de fertroude titels en skriuwers, har byldmerken binne my op it netflues baarnd. Moaie romans fan ferneamde auteurs. Eartiids oanskaft foar in stevich priiske, no binne se suver fergees. De ynflaasje fan it boek! Dat jout te tinken. Seit  it wat oer de skriuwers Wurde se net mear lêzen? En is dat iene boek dat ik tink te finen faaks sa populêr, dat it twaddehâns net te besetten is? Ik jou it oer. Ik ha myn rituele sneuptocht wer hân, it is tiid en gean nei hûs. Nee, ik ha neat kocht en ek net fûn wat ik socht. It liket eins op fleanen, want earlik sein wie ik hielendal net fan doel en keapje sa’n healbizen betommele boek. Ik woe inkeld witte at myn eigen boek hjir miskien ek foar in sipel en in snipel te grabbel lei. Dat foel gelokkich ta.

Nachtbylden

It is reizgje yn in ûnbesteanbere tiid, hannen en fuotten dogge der net ta, sykhelje al likemin. Mar libbest wol! It is omtoarkje yn de waanwrâld tusken hast wekker en sliep. It is dreame! Sweve as in luchtbrobbel yn in djipsee fan nachtbylden. Yn dy wrâld kin men it paad wol bjuster wurde, mar foar de doarren fan de iere moarn einiget de reis altyd yn it ljocht fan de dei.  
Lêsten kocht ik yn in dream in boek mei in read kaft. Skriuwer en titel spylje gjin rol: it giet om de kleur. Ik frege my nammentlik al in skoftke ôf at ik ek yn kleur dreamde. Ik koe my dat net samar foar de geast helje, my tinkt omdatst dreamen gewoanwei fuortendaliks by’t der ôf kommen al rillegau wer fergetten bist. Wichtich kinne kleuren yn in dream neffens my net wêze. Mar ik woe it witte en lei my der op ta om út te finen hoe’t dat siet. Dat kin samar, sa die bliken. Simpele dreamdetails bliuwe krekt even langer hingjen ast der op lizzen giest. No wit ik wol dat der minsken binne dy’t leauwe dat dreamen wat betsjutte, lykas guon oaren miene dat der in hjirneimels is (wa wit giet it om deselde suggestje), mar wat my oanbelanget is in dream itselde as fantasij, ek al hast der wat minder gryp op. It is oars neat as lucht. Tûzenen fan dy brobbels buorrelje, foaral nachts, út it brein omheech. De measten knappe eardatst se yn ’e gaten krigest. De restanten komme boppe driuwen mei it doel om dy der oer en der mei te fernuverjen. Krekt as dat reade boek. Nee, it boek hie gjin boadskip. It griene pakje, in kadootsje, ek net. Blauwe loften ha ik net sjoen. Wol in blau boerd mei in wite fyts derop. Dat hie al in betsjutting, it wiisde my it paad.
Doe’t ik fan it feit: ik dream yn kleur, oertsjûge wie, kaam der in nije fraach by my op. Hear ik yn it lân fan de healsliep ek lûd? Net fan bûten, mar lûden dy’t hearre by de bylden dy’t my ûnder de tekkens sa nuver dwaande hâlde kinne. It is my noait opfallen. Nij ûndersyk smiet neat op. Analyzes fan bylden, dy’t my moarns noch koart troch it sin skeaten, koenen my neat fertelle. It lûd fan dingen is der wol, mar ek wer net. Ik ha yn myn sliep lykwols noch noait in doar tichtslaan heard. My tinkt, wilens dy riten op bêd bin ik sa dôf as in ierappel. Ik hearde koartlyn de bus dy’t rjocht op my ôfkaam net toeterjen en remjen. Ik hearde hielendal neat doe’t ik foar de fijân flechtsje moast en de kûgels my as hagel om ’e earen fluiten. Ik hearde ek neat ûntploffen doe’t ik fan dy grutte eksploazjes seach. Mar dat kin ek wêze omdat it lûd fan de televyzje net oanstie.  Al dy yndrukken en ynformaasje wurde sûnder wurden oerbrocht. Dialogen nim ik waar as in lêzen tekst. It leven fan it nachtlibben is stil, loksilligens en argewaasje jout gjin lawaai. Ik ha ek noch noait wat rûkt. Is dat net it bewiis dat in minske sels alles djip út it ûnderbewuste opdolt? Dêrom komt de stim fan in oar der yn in dream net oan te pas, ek net fan de deaden dy’t somtiden samar begjinne te libjen. Wa’t tinkt dat er ien praten heart doocht lang net.
Ik luts ek noch in oare konklúzje. Wat gin lûd jout kinst ek net fiele. Taastbere gewaarwurdings ûntbrekke yn in dream, lykas bygelyks pine en dat wat soarget foar beskate wille. Yn ’e sûs of yn ’e rûs kinst noch wol wat meikrije, mar yn ’e sliep hâldt it op. De luchtbrobbels moatte earst barste dan komt de werklikheid pas los.
Dreamen fertelle de wierheid seit de iene, in oar mient dat it leagens binne. Ik wit wol better, ik ha myn nachtbylden gewoan sels betocht en reizgje dermei troch it gea fan de frije gedachten dy’t har út noch yn net bine litte. Mar nuvergenôch bliuwe der altyd fragen, sa as dizze: sjocht men ek wolris yn in spegel at men dreamt? It heucht my nammentlik net dat ik mysels oait yn in dream oansjoen ha.


De Elysese fjilden

De draaibrêge stiet myn kant op keard, de slachbeam wiist as in bajonet omheech. Rom baan, salang it duorret. Under in blau fersketten loft stek ik rap it kanaal oer en fyts mei in sprintsje de mieden yn. Der hinget in waarme dize oer de âlde healannen. Okergiel ferstille ympresjonisme fan in skilderij: de ûngetiders ha de lêste heaklampen krekt fuorthelle. In lette ljip sylt as de rjochtmjittige eigener oer syn hear, moderne boeren ha yn dit fûgeltsjelân neat mear te sykjen.
De dyk draait nei it westen op it wankende skaad fan de beamkraach yn ’e fierte ta. In toerke priemket der skerp boppe út. In kilometer as tsien om der te kommen, skat ik, mar faaks fersjoch ik my der op. Wylst ik even fan ’e fyts ôf moat, byt in fûle brims my yn ’e skonk. In flok en in klets daverje syngroan oer it fjild. De ljip klaut omheech, de brims is dea.
Yn it ienselvige lân sûnder skaad reitsje myn gedachten op ’e doele. Ik lykje hjir net echt te libjen. Ergens wêze en net bestean, dat sprekt ta de ferbylding, mar griist my tagelyk oan. Net om de iensumens, mear omdat it sa definityf oerkomt. As in ferbanning nei de Elysese fjilden, it lot dat net werom te draaien is.  
It brike filosofearjen brekt my soer op, want in skoftke letter stean ik foar de twadde kear op itselde krúspunt. Ik kin der amper by, ik bin wer op it plak belâne dêr’t it meagere kring my te pakken krige. Omdat nimmen noch neat my de wei wiist, slach ik mar op ’e dolle rûs in nij paad yn. Wakker fierder! Oer rjochte einen en troch flauwe bochten draait it spitse tuorke geregeld út myn sicht. It soe dochs tichteby komme moatte? 
In kreas ferboud boerespultsje, slomjend ûnder in pear grauwe popels, is it earste bytsje beskaving dat ik tsjinkom. Mei de foarkant yn ’e sinne eaget it as in gastfrij stee. In hûs dat minsken wolkom hjit, dat kin ik wol brûke. Sûnder betinken swaai ik de brede daam yn. Wat kâld wetter om myn bidon te follen moat der op syn minst te heljen wêze. Ik tref it, der komt fuort folk ûnder de popelier wei setten. Goed folk, se helje my as in ferdwaalde reizger oan. Ik moat oanskowe, kofje drinke op in smûk terras yn de ûnderwâl. ‘Wêr sil de reis hinne?’ wolle se as earste witte, folge troch de altyd like wichtige fraach: ‘Wêr komme jo wei?’
‘Ik reizgje inkeld om troch de tiid te kommen’, besykje ik mei in kwinkslach te hifkjen wêr’t ik belâne bin. ‘It begjin en ein fan de reis docht der foar my net ta!’ It grapke kin wat lije. It praat komt op de lêsten fan tiidtekoart en de lusten fan alle tiid ha, ek al moat je it soms meitsje. ‘Ik tocht eins dat tiid hjir net mear telt’, sis ik, ’omdat alles yn dit oard al ieuwen lyn foargoed syn beslach krigen hat.’ Dat is de man folslein mei my iens. ‘Ja, wat ús oanbelanget binne tiid en romte hjir foar de ivichheid beklonken!’ stelt er wisberet, ‘dan hoech ik hjir noait wer wei!’  
‘It kin hjir oars ek nuver stil wêze, hear’, bringt de frou suver ferûntskuldigjend nei foaren. Har man praat der oerhinne. As in skoalmaster midden yn in les begjint er in ferhandeling oer it begjinpunt fan de Lauwers. De âld stream soe neffens him hast njonken de doar syn oarsprong ha moatte. Hy hat al ris besocht en sykje it yn ’e argiven nei.
‘In ekspedysje nei de boarne fan gelok en de sin fan it libben?’, sis ik út ’e gek. 
‘As startpunt foar in kanotocht,’ antwurdet er koart. Hy hat in protte histoaryske kaarten ôfeide, mar de eksakte oarsprong fan it rivierke net fine kinnen. Ik hear de teloarstelling yn syn stim. Hiel lang lyn hat it gebiet ek see west, fertelt er. In trûbadoer hat der sels in liet oer skreaun. ‘Der rûn in wetterwolf troch it lân, it bist leit no wittefier efter de dyk,’ sitearret er. De namme fan de sjonger is er kwyt. Ik doch in gok. ‘Piter Wilkens?’ Dat soe wolris kinne, tinkt er. ‘Is it net wûnderlik’, giet er fierder, ‘dat de see hjir eartiids ferwoastend foar de doar omspoeke hat? Tink dy ris yn wat dat foar de minsken dy’t hjir doe wennen te betsjutten hie? Dêr mei in skriuwer bêst wolris oer te set.’
In see dy't rivier waard, en doe in slink, in sleat, in stippellyntsje op'e kaart, in grins, mar gjin barrière, dy hat de tiid al sljochte. ‘Krekt wat foar Durk van der Ploeg,’ opperje ik. De frou knikt ynstimmend. Se nimt it lêste wurd. ‘Ik wol hjir net âld wurde’, seit se, ‘de winters binne sa ferskriklik lang!’
Faaks hat se gelyk, betink ik my, wylst ik alwer op fyts sit. Faaks is it foar guon better en ferlit dizze wrâld sa hastich mooglik. Oan ’e oare kant, it soe likegoed wol in rike boarne fan ynspiraasje wêze kinne. Keal lân ferrommet de geast. It jout leechte om út te putten. 

Fersterking

Ik lit de tabletsjes yn it kopke falle, wachtsje in setsje oant de gemyske ymploazje syn wurk docht en rier dan foarsichtich mei it leppeltsje om it smelteffekt yn it mingsel te fersterken, dan lit ik my de dampende rook fan it focht yn de noastergatten lûke. Stadichoan sykje ik mei in kalme slach nei in befredigjend ritme. Soks moat mei ferdrach, omdat in goede útfiering it heale wurk is. Net healwei ôfbrekke, der net yn hingjen bliuwe en der foaral net te hastich yn om mealle. Dat binne inkele betingsten om in optimaal effekt te berikken. It kostet gjin muoite. Meastal giet it fansels. Sa jou ik moarns mei in goed gefoel ta oan in ritueel fan it soarte religy dat gjin kwea kin. Loksilligens daalt oer my hinne at it spegeltsje fan de floeistof linkendewei yn beweging komt. De dûnsjende stream draait magysk om it leppeltsje hinne. Ik hâld fan sa’n heimsinnich betsjoenend draaikolkje. Kinst der noflik stoareagjend yn wei dreame. It nimt alle soargen mei de djipte yn. Gjin hinder mear fan omballingen en argewaasjes. It docht datst de wrâld folslein ferjitst.
Twa fan dy luzige dinkjes smyt ik der altyd yn. Twa lytse wite bomkes. Ien is my te min. En at de ferbining tusken de fêste en floeibere eleminten in feit is, dan mjoksje ik der noch in heal leppeltsje út de sûkerpot trochhinne om it gemis fan de natuerlike smaak te bemanteljen. It kin wêze dat ik mysels foar de gek hâld. It kin bêst dat ik sa in wichtich skaaimerk fan myn sloppe karakter bleat jou. Slop? Jawis, wat oars. Mooglik bin ik net tsjin de hurde wierheid fan it libben opwoeksen. Bêst genôch! Ik jou it earlik ta. Je binne in swietbek of je binne it net. Dat sa! It resultaat is yn ’e regel in treflik bakje.
Spitigernôch bist ergens oars altyd oerlevere oan wat de nearingdwaande eksploitanten en oare gasthearen of froulju dy foarsette. Dan smakket it selden krekt as thús. It is mar ôfwachtsjen watfoar brousel der yn it kopke sit. Mar bist der altyd wis fan dat it wol yn te nimmen is, atst der sels yn ompiele kinst. Yndie, it stekt nau mei it yn ’e mjitte kommen fan de toarst. Mar de smaakpapillen fertsjinje it alderbêste. Wat bitter smakket jout tefolle neismaak. It bliuwt dy te lang by. Mar mei swiet kin it wol wat lije. Dat kin de mage wol ferneare. Fierders der net yn omgrieme. Molke, rjemme of in keunstmjittich fabrisearre produkt dat der op liket wurde net oanrekommandearre. Dat docht it oarspronklike ekstrakt te koart. Ik kin it witte, want ik ha ’t ris hân dat ik yn de tropen op in moderne plantaazje fan it poere goadenelikser priuwe mocht. It heucht my noch goed. By’t earste slokje dat my troch de kiel glierde skuorde my de ekstaze troch de lea. Sûnt doe bin ik foargoed ferkocht oan it kleare focht.
No wit ik fansels mar al te goed dat se eartiids mienden dat it kostbere guod bysûndere fermogens hie en dat men soks tsjinwurdich net mear leaut. Dochs soest it fan tinken al ha dat it wol sa is, ast it teminsten ris goed yn dy omgean litst wat it mei dy docht. Der sille grif minsken wêze dy’t it mei my meifiele kinne. Dêrom sis ik plan-út. It is sa! It kin net oars! De tsjustere krachten fan it fitale magma jout in minske kriich. Yn populêre termen: it jout power mei in flinke doasis potinsje, lykas de bêste brânstof foar in fûle motor. Noch wat byldzjender beskreaun: It is as it ljocht en it skaad dêr’t in skilder mei syn hiele palet fol kleuren net sûnder kin. Gâns musisy sille der de moaiste komposysjes mei meitsje. Skriuwers en benammen dichters ûnder ynfloed fan in pear slokken reitsje der grif fan oertsjûge dat de wurden har út de kosmos oanrikt wurde. Koartsein: doch it der mar ris sûnder.
Ik sykhelje, tear de hannen om it waarme kopke, til it stadich op en blaas súntsjes oer de râne. Wylst it aroma my yn de noas priket sjitte my samar ynienen wat dichterlike wurden yn it sin. ‘Tútsje my mei de tút fan dyn mûle, want dyn poere leafde is better as wyn.’ Wa hat dat ek mar wer skreaun, freegje ik my ôf. Dan set ik de lippen oan it kopke en nim hoeden in slokje. Om sa wekker te wurden! Lit de dei mar begjinne.  

Sterke ferhalen

Wat apart, tocht ik, wylst ik de lêsbril op ’e noas skode en op ’e nij de kop fan it nuvere berjocht yn ’e krante lies. Ut ’e jiske fan kremearre liken wurde diamanten prest, stie der yn fette letters boppe. It gong om in Amerikaanske fining. Under hege druk waard út ’e koalstof fan minsklike jiskeresten keunstmjittige juwielen makke. Dêr’t de natuer miljarden jierren oer die spilen se no yn in hânomdraai klear. Toe mar. Ik liet de krante sakje en stoareage neitinkend út it rút. Wat moast ik yn ’e goedichheid fan sa’n ferhaal leauwe. Bêst, it stie yn ’e krante, dan namen je oan dat it wier wie. Mar der waard safolle skreaun. Se seinen net om ’e nocht dat guon minsken lige koenen dat it drukt stie!
Ik lei de krante neist my del, sakke efteroer en begûn te prakkesearjen. Boppe yn ’e kast hie ’k ergens noch in stikmannich stiennen yn in glêzen pot te stean. Oait fûn op ’e strânnen fan de grutste wrâldseeën en as sûvenir út it sâlte sân plukt, hienen se op ’e grins fan lân en wetter as ripe fruchten te wachtsjen lein. Sa wienen der, ynstee fan foto’s, in pear hannen fol hurde oantinkens fan in warber reislibben oerbleaun. Kâlde dingen dy’t bylden fan sinneskyn en waarme streken yn my oproppen. Fertize yn myn deidream kaam ik oerein. De krante glierde op ’e grûn. Ik naam de trep. Op ’e sliepkeamer fûn ik ûnder yn in kast wat ik socht. Dêr stie de wekflesse, in erfstik út ’e bernejierren. Lang lyn brûkt foar it wekjen fan griente en smots. Skande dat der in barst yn siet. Hoeden sette ik de samling yn it finsterbank. Nijsgjirrich beseach ik de ynhâld. Wat jierren yn it donker bewarre west hie glinstere as djoere juwielen. Skyn en bedroch. It bleau in gewoan bultsje stien. Mysterieuze meteoriten of fossile see-ycheltsjes sieten der ek net by. Se wienen inkeld garre as oantinken.
Doe’t ik de boppeste stien út it glês pakte, wie it krekt as hearde ik it rûzjen fan ’e see. Mar fan welke see? Is it lûd fan alle seeën itselde? Ik fielde mei de lippen oan ’e stien. Is it wetter oeral like sâlt? Yn gedachten seach ik in ûnberikbere hoarizon. Ik koe it net litte, ik helle alle stiennen út ’e pot. Twa hannen fol. Ik brocht se omheech en beslikke se mei de tonge. Sâlt! It siet my yn ’e wei dat ik net krekt mear wist wêr’t se weikamen. Allinnich in geolooch soe my fertelle kinne wêr’t ik eartiids omreizge hie. ‘Smyt die dingen dochs fuort’, galme it ynienen troch myn holle. ‘Lit it ferline dochs los!’
Ik skrok en ferstuivere liet ik in stien troch de fingers sjitte. Klearwekker die ik, as wienen it aaien, hiel foarsichtich de stiennen ien foar ien wer yn ’e pot. Mar wat it ljocht sjoen hat wol de frijheid behâlde. Ynienen barste de pot mei in knal útelkoar. Ik besocht it ûngelok te kearen en stiek yn in refleks beide hannen út. Te let, der wie neat mear oan te rêden. De stiennen rûgelen stuiterjend alle kanten út. Inkeld ien stien krige ik te pakken. Ik klamme him stiif yn ’e hân. Op itselde stuit snie in skerp stik glês my yn it fleis. Doe’t ik de hân iepen die, dripte it bloed my fan ’e fingers. De stien feroare stadich fan kleur. Ik makke in fûst en rûn nei de kraan. Yn ’e waskbak spielde iiskâld wetter it bloed yn heldere streamen fuort, mar ik krige de stien net skjin. It izer út myn lichem, read as rust, sûge him yn it oerflak fêst, ien mei de siel fan ’e stien. Fjoer en hege druk hienen der net foar nedich west.
Ik die ferbân om 'e hân, romme it glês op en naam de samling mei nei ûnderen. Yn ’e keamer lei ik se, as in magyske kalinder yn in heale sirkel op ’e tafel. Ik wreau foarsichtich oer de seare hân en oerseach djip yn gedachten de relikwyen fan in tiidrek út myn libben dat foarby wie. It binne eins boustiennen foar ferhalen, tocht ik. Goed beskôge lei de tekst al foar my klear. Mar wa soe dy ferhalen hearre wolle? En wa soe se leauwe? Sels al wurde se op papier drukt.

It liket op fleanen


Drachtster Krante:  sept 2006
    ‘Blomrike taal’
F-Side LC:  September 2006
    ‘Bysûnder taalgebrûk’
 Hjir:  Desember  2006
    ‘Utlizzerige styl’
De Moanne: Desimber 2006
    ‘Brr, fer-skrik-ke-lik’
De Ljouwerter: Maart 2007
    'Aardige ferhalen om te lêzen’
Farsk: Maaie 2007
    ‘Keunstige fertelsels
     dy’t je yn ‘e besnijing hâlde.'
Ljouwerter Krante: 8-12-2006. 
    'De ferhalen ferriede in ambachtlike ynstek.'



'It liket op fleanen' is in bondel mei 22 singeliere ferhalen oer minsken dy’t sljochthinne of krekt even wat oars as oars troch de tiid moatte. Guon binne wat op harsels en guon hawwe it mei harsels te dwaan. Oaren witte fan trochpakken. Allegear pakke se gauris mei langsten en lijen om, wat bytiden wer nuver útpakke kin.
ISBN
 90.5998.034.4