Wat apart, tocht ik, wylst ik de lêsbril op ’e noas skode en op ’e nij de kop fan it nuvere berjocht yn ’e krante lies. Ut ’e jiske fan kremearre liken wurde diamanten prest, stie der yn fette letters boppe. It gong om in Amerikaanske fining. Under hege druk waard út ’e koalstof fan minsklike jiskeresten keunstmjittige juwielen makke. Dêr’t de natuer miljarden jierren oer die spilen se no yn in hânomdraai klear. Toe mar. Ik liet de krante sakje en stoareage neitinkend út it rút. Wat moast ik yn ’e goedichheid fan sa’n ferhaal leauwe. Bêst, it stie yn ’e krante, dan namen je oan dat it wier wie. Mar der waard safolle skreaun. Se seinen net om ’e nocht dat guon minsken lige koenen dat it drukt stie!
Ik lei de krante neist my del, sakke efteroer en begûn te prakkesearjen. Boppe yn ’e kast hie ’k ergens noch in stikmannich stiennen yn in glêzen pot te stean. Oait fûn op ’e strânnen fan de grutste wrâldseeën en as sûvenir út it sâlte sân plukt, hienen se op ’e grins fan lân en wetter as ripe fruchten te wachtsjen lein. Sa wienen der, ynstee fan foto’s, in pear hannen fol hurde oantinkens fan in warber reislibben oerbleaun. Kâlde dingen dy’t bylden fan sinneskyn en waarme streken yn my oproppen. Fertize yn myn deidream kaam ik oerein. De krante glierde op ’e grûn. Ik naam de trep. Op ’e sliepkeamer fûn ik ûnder yn in kast wat ik socht. Dêr stie de wekflesse, in erfstik út ’e bernejierren. Lang lyn brûkt foar it wekjen fan griente en smots. Skande dat der in barst yn siet. Hoeden sette ik de samling yn it finsterbank. Nijsgjirrich beseach ik de ynhâld. Wat jierren yn it donker bewarre west hie glinstere as djoere juwielen. Skyn en bedroch. It bleau in gewoan bultsje stien. Mysterieuze meteoriten of fossile see-ycheltsjes sieten der ek net by. Se wienen inkeld garre as oantinken.
Doe’t ik de boppeste stien út it glês pakte, wie it krekt as hearde ik it rûzjen fan ’e see. Mar fan welke see? Is it lûd fan alle seeën itselde? Ik fielde mei de lippen oan ’e stien. Is it wetter oeral like sâlt? Yn gedachten seach ik in ûnberikbere hoarizon. Ik koe it net litte, ik helle alle stiennen út ’e pot. Twa hannen fol. Ik brocht se omheech en beslikke se mei de tonge. Sâlt! It siet my yn ’e wei dat ik net krekt mear wist wêr’t se weikamen. Allinnich in geolooch soe my fertelle kinne wêr’t ik eartiids omreizge hie. ‘Smyt die dingen dochs fuort’, galme it ynienen troch myn holle. ‘Lit it ferline dochs los!’
Ik skrok en ferstuivere liet ik in stien troch de fingers sjitte. Klearwekker die ik, as wienen it aaien, hiel foarsichtich de stiennen ien foar ien wer yn ’e pot. Mar wat it ljocht sjoen hat wol de frijheid behâlde. Ynienen barste de pot mei in knal útelkoar. Ik besocht it ûngelok te kearen en stiek yn in refleks beide hannen út. Te let, der wie neat mear oan te rêden. De stiennen rûgelen stuiterjend alle kanten út. Inkeld ien stien krige ik te pakken. Ik klamme him stiif yn ’e hân. Op itselde stuit snie in skerp stik glês my yn it fleis. Doe’t ik de hân iepen die, dripte it bloed my fan ’e fingers. De stien feroare stadich fan kleur. Ik makke in fûst en rûn nei de kraan. Yn ’e waskbak spielde iiskâld wetter it bloed yn heldere streamen fuort, mar ik krige de stien net skjin. It izer út myn lichem, read as rust, sûge him yn it oerflak fêst, ien mei de siel fan ’e stien. Fjoer en hege druk hienen der net foar nedich west.
Ik die ferbân om 'e hân, romme it glês op en naam de samling mei nei ûnderen. Yn ’e keamer lei ik se, as in magyske kalinder yn in heale sirkel op ’e tafel. Ik wreau foarsichtich oer de seare hân en oerseach djip yn gedachten de relikwyen fan in tiidrek út myn libben dat foarby wie. It binne eins boustiennen foar ferhalen, tocht ik. Goed beskôge lei de tekst al foar my klear. Mar wa soe dy ferhalen hearre wolle? En wa soe se leauwe? Sels al wurde se op papier drukt.