Ik lit de tabletsjes yn it kopke falle, wachtsje in setsje oant de gemyske ymploazje syn wurk docht en rier dan foarsichtich mei it leppeltsje om it smelteffekt yn it mingsel te fersterken, dan lit ik my de dampende rook fan it focht yn de noastergatten lûke. Stadichoan sykje ik mei in kalme slach nei in befredigjend ritme. Soks moat mei ferdrach, omdat in goede útfiering it heale wurk is. Net healwei ôfbrekke, der net yn hingjen bliuwe en der foaral net te hastich yn om mealle. Dat binne inkele betingsten om in optimaal effekt te berikken. It kostet gjin muoite. Meastal giet it fansels. Sa jou ik moarns mei in goed gefoel ta oan in ritueel fan it soarte religy dat gjin kwea kin. Loksilligens daalt oer my hinne at it spegeltsje fan de floeistof linkendewei yn beweging komt. De dûnsjende stream draait magysk om it leppeltsje hinne. Ik hâld fan sa’n heimsinnich betsjoenend draaikolkje. Kinst der noflik stoareagjend yn wei dreame. It nimt alle soargen mei de djipte yn. Gjin hinder mear fan omballingen en argewaasjes. It docht datst de wrâld folslein ferjitst.
Twa fan dy luzige dinkjes smyt ik der altyd yn. Twa lytse wite bomkes. Ien is my te min. En at de ferbining tusken de fêste en floeibere eleminten in feit is, dan mjoksje ik der noch in heal leppeltsje út de sûkerpot trochhinne om it gemis fan de natuerlike smaak te bemanteljen. It kin wêze dat ik mysels foar de gek hâld. It kin bêst dat ik sa in wichtich skaaimerk fan myn sloppe karakter bleat jou. Slop? Jawis, wat oars. Mooglik bin ik net tsjin de hurde wierheid fan it libben opwoeksen. Bêst genôch! Ik jou it earlik ta. Je binne in swietbek of je binne it net. Dat sa! It resultaat is yn ’e regel in treflik bakje.
Spitigernôch bist ergens oars altyd oerlevere oan wat de nearingdwaande eksploitanten en oare gasthearen of froulju dy foarsette. Dan smakket it selden krekt as thús. It is mar ôfwachtsjen watfoar brousel der yn it kopke sit. Mar bist der altyd wis fan dat it wol yn te nimmen is, atst der sels yn ompiele kinst. Yndie, it stekt nau mei it yn ’e mjitte kommen fan de toarst. Mar de smaakpapillen fertsjinje it alderbêste. Wat bitter smakket jout tefolle neismaak. It bliuwt dy te lang by. Mar mei swiet kin it wol wat lije. Dat kin de mage wol ferneare. Fierders der net yn omgrieme. Molke, rjemme of in keunstmjittich fabrisearre produkt dat der op liket wurde net oanrekommandearre. Dat docht it oarspronklike ekstrakt te koart. Ik kin it witte, want ik ha ’t ris hân dat ik yn de tropen op in moderne plantaazje fan it poere goadenelikser priuwe mocht. It heucht my noch goed. By’t earste slokje dat my troch de kiel glierde skuorde my de ekstaze troch de lea. Sûnt doe bin ik foargoed ferkocht oan it kleare focht.
No wit ik fansels mar al te goed dat se eartiids mienden dat it kostbere guod bysûndere fermogens hie en dat men soks tsjinwurdich net mear leaut. Dochs soest it fan tinken al ha dat it wol sa is, ast it teminsten ris goed yn dy omgean litst wat it mei dy docht. Der sille grif minsken wêze dy’t it mei my meifiele kinne. Dêrom sis ik plan-út. It is sa! It kin net oars! De tsjustere krachten fan it fitale magma jout in minske kriich. Yn populêre termen: it jout power mei in flinke doasis potinsje, lykas de bêste brânstof foar in fûle motor. Noch wat byldzjender beskreaun: It is as it ljocht en it skaad dêr’t in skilder mei syn hiele palet fol kleuren net sûnder kin. Gâns musisy sille der de moaiste komposysjes mei meitsje. Skriuwers en benammen dichters ûnder ynfloed fan in pear slokken reitsje der grif fan oertsjûge dat de wurden har út de kosmos oanrikt wurde. Koartsein: doch it der mar ris sûnder.
Ik sykhelje, tear de hannen om it waarme kopke, til it stadich op en blaas súntsjes oer de râne. Wylst it aroma my yn de noas priket sjitte my samar ynienen wat dichterlike wurden yn it sin. ‘Tútsje my mei de tút fan dyn mûle, want dyn poere leafde is better as wyn.’ Wa hat dat ek mar wer skreaun, freegje ik my ôf. Dan set ik de lippen oan it kopke en nim hoeden in slokje. Om sa wekker te wurden! Lit de dei mar begjinne.