It is reizgje yn in ûnbesteanbere tiid, hannen en fuotten dogge der net ta, sykhelje al likemin. Mar libbest wol! It is omtoarkje yn de waanwrâld tusken hast wekker en sliep. It is dreame! Sweve as in luchtbrobbel yn in djipsee fan nachtbylden. Yn dy wrâld kin men it paad wol bjuster wurde, mar foar de doarren fan de iere moarn einiget de reis altyd yn it ljocht fan de dei.
Lêsten kocht ik yn in dream in boek mei in read kaft. Skriuwer en titel spylje gjin rol: it giet om de kleur. Ik frege my nammentlik al in skoftke ôf at ik ek yn kleur dreamde. Ik koe my dat net samar foar de geast helje, my tinkt omdatst dreamen gewoanwei fuortendaliks by’t der ôf kommen al rillegau wer fergetten bist. Wichtich kinne kleuren yn in dream neffens my net wêze. Mar ik woe it witte en lei my der op ta om út te finen hoe’t dat siet. Dat kin samar, sa die bliken. Simpele dreamdetails bliuwe krekt even langer hingjen ast der op lizzen giest. No wit ik wol dat der minsken binne dy’t leauwe dat dreamen wat betsjutte, lykas guon oaren miene dat der in hjirneimels is (wa wit giet it om deselde suggestje), mar wat my oanbelanget is in dream itselde as fantasij, ek al hast der wat minder gryp op. It is oars neat as lucht. Tûzenen fan dy brobbels buorrelje, foaral nachts, út it brein omheech. De measten knappe eardatst se yn ’e gaten krigest. De restanten komme boppe driuwen mei it doel om dy der oer en der mei te fernuverjen. Krekt as dat reade boek. Nee, it boek hie gjin boadskip. It griene pakje, in kadootsje, ek net. Blauwe loften ha ik net sjoen. Wol in blau boerd mei in wite fyts derop. Dat hie al in betsjutting, it wiisde my it paad.
Doe’t ik fan it feit: ik dream yn kleur, oertsjûge wie, kaam der in nije fraach by my op. Hear ik yn it lân fan de healsliep ek lûd? Net fan bûten, mar lûden dy’t hearre by de bylden dy’t my ûnder de tekkens sa nuver dwaande hâlde kinne. It is my noait opfallen. Nij ûndersyk smiet neat op. Analyzes fan bylden, dy’t my moarns noch koart troch it sin skeaten, koenen my neat fertelle. It lûd fan dingen is der wol, mar ek wer net. Ik ha yn myn sliep lykwols noch noait in doar tichtslaan heard. My tinkt, wilens dy riten op bêd bin ik sa dôf as in ierappel. Ik hearde koartlyn de bus dy’t rjocht op my ôfkaam net toeterjen en remjen. Ik hearde hielendal neat doe’t ik foar de fijân flechtsje moast en de kûgels my as hagel om ’e earen fluiten. Ik hearde ek neat ûntploffen doe’t ik fan dy grutte eksploazjes seach. Mar dat kin ek wêze omdat it lûd fan de televyzje net oanstie. Al dy yndrukken en ynformaasje wurde sûnder wurden oerbrocht. Dialogen nim ik waar as in lêzen tekst. It leven fan it nachtlibben is stil, loksilligens en argewaasje jout gjin lawaai. Ik ha ek noch noait wat rûkt. Is dat net it bewiis dat in minske sels alles djip út it ûnderbewuste opdolt? Dêrom komt de stim fan in oar der yn in dream net oan te pas, ek net fan de deaden dy’t somtiden samar begjinne te libjen. Wa’t tinkt dat er ien praten heart doocht lang net.
Ik luts ek noch in oare konklúzje. Wat gin lûd jout kinst ek net fiele. Taastbere gewaarwurdings ûntbrekke yn in dream, lykas bygelyks pine en dat wat soarget foar beskate wille. Yn ’e sûs of yn ’e rûs kinst noch wol wat meikrije, mar yn ’e sliep hâldt it op. De luchtbrobbels moatte earst barste dan komt de werklikheid pas los.
Dreamen fertelle de wierheid seit de iene, in oar mient dat it leagens binne. Ik wit wol better, ik ha myn nachtbylden gewoan sels betocht en reizgje dermei troch it gea fan de frije gedachten dy’t har út noch yn net bine litte. Mar nuvergenôch bliuwe der altyd fragen, sa as dizze: sjocht men ek wolris yn in spegel at men dreamt? It heucht my nammentlik net dat ik mysels oait yn in dream oansjoen ha.