Yn Exelcis

Wat in lûd, wat in frommes. Op it poadium klonk út de spegel fan de tiid in stim as in hûs. Dy kreake al wat yn ’e foegen, mar koe nei alle gedachten fan it dak ôf noch bêst de himel berikke. Bravo! In iepen doek foar it optreden fan Chi Coltrane yn it teater. It slachwurk, de basgitaar en de grutte piano by dat ferskuorrende leven fan de grand old little lady soargen bytiden foar fjoerwurk. De oerklanken út de santiger jierren daveren mei geweld oer de seal hinne en luts it entûsjaste publyk mei werom yn de tiid.
Ik hie dy stap flak foar de foarstelling al dien, wylst ik yn ’e foyer nijsgjirrich it konsertfolk deryn kommen seach. Meast wyt of griis, tin hier of gjin, en in protte froulju yn alderhande hjerstkleuren. Dêrtusken foelen in pear jongelju suver út ’e toan. Wat hienen de âlden har wiismakke dat it de muoite wurdich wie en gean mar mei? Grif hienen guon op Youtube al sjoen wat har te wachtsjen stie. Dat hie ik thús ek dien. It is gjin toer en ferdwyn op it ynternet yn in part fan jin jeugd dat al lang foarby is en troch in pear klikken samar wer ta libben komt. Opgean yn it sentimint fan; och heden, dat heucht my noch skoan! Sa gong it my. It wie net oars as rûn ik jûns nei iten wer hurd nei de buorlju ta. Dy hienen kleur en dêr seach ik yn ’e rookstoel mei in glês sinas nei it teater fan Toppop. Yeah! Live studio optredens of filmkes en at dat net koe, dan spilen se it nûmer mei rikkerige bylden fan in dûnsjende ingel dy’t op wûnderbaarlike wize net yn har lange walen fertize rekke.
Fan Chi Coltrane wie wol in filmke. Dêryn song se dat, at it har tiid wie, se graach ôfreizgje woe lykas Elijah. Streekrjocht de loft yn, op hynders mei fjurrige eagen. Je seagen it foar je, har lange hier wappere al as de moannen fan de mytyske goadenhynders dy’t se besong. Mar wa wie Elijah? It klonk ek noch as Eliza. Betizing. Wy kamen der doe net út. De plaat ha ik noait hân, je wienen eartiids mear foar de Stones. Dy songen yn dyselde snuorje oer Angie. Dat koe der krekt even better by troch. Mar Coltrane song as in orkaan. Om kjel fan te wurden.
Yn it teater die bliken dat se der noch wie. Live. En it die bliken dat se it noch altyd koe. Ek live. ‘Dan is se al sechtich jier’, sei de frou njonken my. De pauze wie krekt foarby. Blykber hie se wat útrekkene. ‘Wa?’ sei de man oan ’e oare kant dy’t by ha hearde. Hy harke mar heal, drok at er it hie mei it oereagjen fan de seal. Hy stiek de hân op nei in frommeske. It blonde dinkje soe in pear rigen fierder krekt sitten gean. Se knikte freonlik werom. ‘Dy is noch lang gjin sechtich’, hearde ik de frou noartsk sizzen, ‘wêr kinsto dy fan?’ Doe gong it ljocht út en it applaus boaze oan. Chi Coltrane kaam wer op en se weefde der op ’e nij mei ôf. Se hufte de rock en roll as in bist út de toetsen, wylst de reek achter har nei de himel kringele. Trije kertier letter wie it einlings safier, de stjer sette de earste toanen fan har ferneamste nûmer yn. ‘I wanna go like Elijah!’ Ik klapte optein mei de seal op it opswypkjende gospelritme mei en myn lippen besochten de tekst te preveljen. By de namme Elijah gong my in ljocht baarnen. Hie se even earder ek net in nûmer oer har freon Jezus song? Siet it sa? Wienen Elijah en Jezus net famylje fan inoar? Of wie it ien fan Jezus syn maten út de film Jesus Christ Superstar? Dy draaide doe ek yn dy tiid. Ik bruts my sawat de harses oer it riedsel dat hieltyd grutter waard. Ynienen wist ik it. De skilen foelen my by wize fan sprekken fan ’e eagen. Ja, ferdomme, sa siet it. It ynsicht kaam as in ferlossing, einlings nei al dy jierren.  ‘Yeah’ raasde ik, ‘Yeah, me too, I wanna go!’ De frou njonken my seach my ferstuivere oan doe’t ik har om ’e nekke foel. De seal kaam as ien man út de stuollen oerein en begûn te jubeljen en te geien. Ik fielde it fjoer yn ’e bonken. Chi Coltrane hie har lêste nûmer ynsetten. It ‘Halleluja!’ skuorde troch de seal.