boartersguod
Der stoot in domdryst hûntsje rjocht op my ôf. Nei it ras moat ik riede. Tûk op aksje giselt er mei in tennisbal yn 'e bek wat knoffelich om my hinne. Gjin wûnder, hy hat mar ien achterste poat. Syn achterein pinkt likegoed kranich mei him mei. Parmantich stapt in jonge frou achter it behyplike bistke oan. Fleske drinken yn'e iene hân, in hûneriem yn de oare. It rom sittende, grize sportpak kin in skyn fan alluere net maskearje. Sels it losse, ljochte hier ferret in oar wêzen. Kreas, mar te gewoan.
'Hy rêdt him aardich', doar ik op te merken.
'In ûngelok', antwurdet se skuldich, 'mar it is goed beteard.'
Ik knik, it hie minder kind. It baltsje falt út de flybjende happert.
Troch skea en skande hat it balskoppen him by my net ûntjûn, mar yn in refleks hellet myn foet dochs út. It boartersguod sjit doelleas oer it paad it gersfjild op. Blyn is it stumper net. Blier en tier stuitert er achter de bal oan. It taferiel begruttet my, boppedat docht it my tinken oan hoe't ik sels sa'n rûn gefal op it skoalleplein besocht te berinnen.
'It's a basterd!'
Ik sjoch ferheard op.
'Mixed race', folt de frou oan, grif troch myn reaksje.
It klinkt suver polityk ynkorrekt.
'Of course, of course...' stammerje ik, as wie ik der mei oan.
Dan pas falt it my op dat we yn har taal tsjininoar prate. Dat ik sûnder erch flot omskeakele ha ferbaast my noch mear.
'Nice dog!' hastigje ik my te sizzen.
'Yes, cute isn't he?'
Hoe soe ik it har ûntstride? Ik mei wol oer hûnen. Goed, se rûke, benammen as it reint en de groede yn myn kût stekt allinnich mar as it friest, mar dit is gjin Dútske harder.
Hymjend lit de bastaard de bal op 'e nij foar my falle. Hy kin my wat. De frou nimt ek in ôfwachtsjende hâlding oan. Ik sin op in praatsje. Dizze kâns moat my net ûntkomme. Der falt my lykwols niks sinnichs yn. De frou bûcht en pakt de bal. Sljocht draait it hûntsje in fernimstige pirûette. Tegearre hâlde we de frou yn 'e gaten. Wat docht se?
Ik begryp hûnetaal, besef ik my ynienen, ik snap him. Ik wit wat der yn dat simpele brein omgiet. Soks ha je mei in kat folle minder. Krekt as ik it opperje sil soalt de bal wer oer de greide. De hûn is net te hâlden. De frou is likemin fan doel en bliuw langer stean. Se set it op in drafke. De trainingsbroek flodderet har elegant om it gat.
yn stien
De mins steapelt syn skiednis yn lagen fan ieuwen opinoar. Jagerskampen waarden doarpen en doe steden, bouwurken namen yn omfang en oantal ta. Mar fan oarsprong en opbou is yn it slimste gefal faak mar in bytsje oer. Om de spoaren nei it ferline sichtber te hâlden binne foar de restanten musea oprjochte. Yn sa'n sammelplak stap ik willekeurich troch de biten en brokken fan de tiid. Fûn, krigen, kocht of stellen, it stiet der kreas by. De bewizen fan fergiene en fergriemde beskavings wurde sekuer beskreaun. Wat my oait op skoalle ûntkaam is, kin ik hjir net omhinne. Mar jiertallen bliuwe simpele sifers foar my. Ik fiel gjin bining mei de skiednis, ek al bin ik der in skiterich, lyts ûnderdieltsje fan.
It each lûkt lykwols nei wat it each siket, want sa blyn bin ik net, dat ik gjin ferhaal sjoch dat wearde hat. Op in grau stik granyt, fan likernôch in meter heech en breed, stiet, as wie it troch de goaden sels drukt, in mysterieuze lape tekst. Proaza sa âld as de wei. It byskrift seit dat it referaat yn trije frjemde talen as koadekreaker fan hiëroglifen tige wichtich west hat. Lit it mar sa wêze, de wittenskip moat ek wat te sizzen ha, ik fernuverje my mear oer de skriuwer. Wa is it? In oerstallige fraach. De grutte ûnbekende is fansels al wit hoe lang ta stof fergien. It hânskrift stie de tiid en is no eigendom fan de stien. Kamera's klikke. Glinsterjende eagen fan museumbesikers gluorkje oer myn skouders nei de fine kribels en figuerkes dy´t jierren tebek as wurden har nut bewezen ha. Stadich draaie we yn in sirkel om de kaäba fan de taal, de noas hieltiten tichter op de betommele glêzen kast. It relikwy is ûnberikber. De talen om my hinne like ûnbegryplik as it skrift. Ik hear it beiteljende ritme as in hertslach slaan. Wa hast west as dyn skriuwen de tiid oerlibbet, mar dyn namme net?
inket
It moarnsmiel nuttigje ik wer op itselde adres. De gelegenheid is troch syn gewoanens, dat him yn de prizen útbetellet, oan te rekommandearjen. Healwei it smelle mar djippe etablissemint, oan in lyts tafeltsje ûnder in hege spegel, doch ik it my skoan oan tiid mei in bak sterke kofje, in baas kroissant en farske sinesappelsop. Tusken de beskieden gongen fan it kontinintale menu troch krantsje ik as in fêste klant. It nijs is myn nijs net, mar letters binne letters, dus altiten nijsgjirrich en de rook fan inket prikelet de gedachten. Om it ferstân skerp te krijen docht in doasis drukwurk op papier noch altiten aardich fertuten. De gearwurking tusken each en noas by it lêzen is neffens myn betinken in ûnderskat fenomeen. Ik doar net te sizzen oft myn stelling al op akademysk nivo bestudearre is, mar it soe my neat fernuverje dat se it sintúchlik ferbân al lang wittenskiplik swart op wyt fêststeld ha. Myn konklúzje is der net minder om. Net inkeld it fisuele aspekt fan inket, mar benammen ek de lucht trunet grif oan ta effektive harsenaktiviteit. By't rûken fan drukwurk sil ergens yn de djipte fan de harsenstam in elektryske ûntstekking de oanset jaan ta in reaksje, dy't as in fjoerpylk troch de grize brij hinnesjit, om yn it oanbelangjende part fan de plasse dat mei taal te krijen hat, in eksploazje fan ferstanlike prestaasjes teweech te bringen. Drukinket as katalysator fan de geast, wa hie dat tocht. Pillen, poeiers, drank en drugs binne oerstallich. Psychologysk is it effekt nei alle gedachten te fergelykjen mei honger, toarst en oare te befredigjende lusten. De oarsaak fan ûntlêzing yn it digitale tiidrek sit him yn de noas dy't syn gerak net mear kriget. De gefolgen binne bekend.
hiel wat
Under it each fan de lêzer
spilet him hiel wat ôf,
ûnder it each fan de skriuwer
is it noait genôch.
It ark
Sjen en besjen. Sawat
alles ha ik sjoen achter de ferheven en trochsichtige fasade fan it nije museum.
Fuort neidat ik út it himelshege portaal troch de earste glêzen poarte stapte, namen
de ferhalen yn de keunstmjittich ferljochte romten my mei. Op´e doele yn it
spoar fan de tiid is in nocht, dan hat in omtoarker gjin lins.
Lykwols, doe´t
ik de bewuste middeis op´e weromreis wie, doe tocht ik ynienen: ferrek, ik ha tusken
al dy pronk en aardige prullen it swurd net sjoen. De grutte houwer fan moreel
formaat, de rêchbonke fan de naasje. Hoe wie it mooglik dat it ûnderstelde
wapen fan in piraat my ûntkaam wie? Dat ik it ferneamde stik ark net sjoen ha
fernuveret my noch, mar dat ik tink dat ik wat mist ha? Amper! Want wêr ha we
it oer? Der wie ommers genôch te sjen. Trep nei trep beklom ik de brede wei nei
nijsgjirrich oanklaaide sealen. Oeral stapte ik troch mei grandeur fertelde histoarjes.
En it útsicht? Heldere finsters joegen in romtelike blik op in dynamysk diorama.
Hast like moai as de ynhâld. Wier, it replik en ûnreplik guod yn it nije kulturele hert
fan de haadstêd mei besjen lije.
Nee, ik ha net
sjoen wêr't it swurd stiet, leit of hinget. It seit my it measte ek net. Wat docht
sa'n ding der eins ta? Is it lykas Excalibur in magysk objekt dat op in dei de skiednis bepale
sil? Of ha we te krijen mei it swurd fan Damocles, de driger fan kwea en ûnheil?
Want dat is fansels yn it ramt fan de taaldelgong wol wer in aardige metafoar. In
flamjend swurd dat ús it paad nei it paradys opkeard lit ik hjir mar bûten
beskôging. Hawar, ornamint of artefact, it sil syn nut wol ha, dat wol ik gjinien
ûntstride. Mar yn tiden fan oerhearsking ha wapens mear betsjutting as in symboalyske
wearde. Dat ark ha ik wol sjoen. Yn itselde museum. Op in ymposante útstalling
fan it echte ferset.
Boppe see
De wyn is it wurd boppe see,
gedachten it lûd fan it ljocht
en ferheljende bylden skowe
yn eskaders troch in stille loft.
Mei in weareld oan stimmen
bespilet in moerstaal de kust
as klankboerd fan de ferhalen
dy't my yn de holle omdwale.
Dêr, yn de romte fan it tinken
benimt de lucht my de amme,
want op´e stripe fan de floed
ferrint de inket fan it skriuwen
yn it boek mei ûnbereizge siden
by it staverjen fan myn namme.
it wûnder
It skoutoaniel fan de skilder leit as in ramtfertelling iepenteard foar my. Ik bin publyk, dan sjochst op de earste rang de foarstelling net oer de holle en kin ik mei de oare taskôgers de eagen goed de kost jaan. Nijsgjirrich en de mûle iepen fan fernijing. De meunsterjende kloft is betsjoene. Wat giet der yn har om? Stean se stil by de tiid fan de skilder? Sjogge se troch syn eagen hoe't er yn it libben stie? Se meie syn masterwurk grif lije. Se sille it letter ek moai meinaam fine dat se it sjoen ha. Dêr kamen se ommers se foar.
Goed sjen ferget geduld en dat falt net ta. Guon gowe alle kanten út. Wat nimt sa´n omsteand laach eins yn him op? Mooglik freegje se har fan alles ôf. Der giet ek hiel wat yn my om. Oer it wûnder fan de ferbylding bygelyks. De trochsnee taskôger ferpleatst him miskien wol yn it ferhaal op it doek om him mei ien fan de karakters te identifisearjen, lykas in lêzer dat docht yn de wrâld fan in boek. Ik kin it my yntinke: it is de ferlieding en de oanstriid om te flechtsjen út de realiteit. De skilder sil it sa bedoeld ha.
Ik slach de útstutsen hân fan de deade protagonist lykwols ôf. De ferlieding om oer de grins fan de tiid te stappen krijt by my gjin kâns. Ik hâld mysels net foar de gek. Ik draai my om en stap út it fakuüm fan de ferbylding dwerstroch it tableau vivant achter my. Wylst ik it heden rûk en fiel, spilet in oar ferhaal my troch de holle. It teater fan myn eigen wurden. Mear as samar wat gedachten. Langer as in dream. Perfoarst gjin magy. Ik leau yn de fiksje fan dit libben. Slagge it my mar om dat yn krekt sokke sprekkende bylden as fan dat skilderij op papier te krijen.
Goed sjen ferget geduld en dat falt net ta. Guon gowe alle kanten út. Wat nimt sa´n omsteand laach eins yn him op? Mooglik freegje se har fan alles ôf. Der giet ek hiel wat yn my om. Oer it wûnder fan de ferbylding bygelyks. De trochsnee taskôger ferpleatst him miskien wol yn it ferhaal op it doek om him mei ien fan de karakters te identifisearjen, lykas in lêzer dat docht yn de wrâld fan in boek. Ik kin it my yntinke: it is de ferlieding en de oanstriid om te flechtsjen út de realiteit. De skilder sil it sa bedoeld ha.
Ik slach de útstutsen hân fan de deade protagonist lykwols ôf. De ferlieding om oer de grins fan de tiid te stappen krijt by my gjin kâns. Ik hâld mysels net foar de gek. Ik draai my om en stap út it fakuüm fan de ferbylding dwerstroch it tableau vivant achter my. Wylst ik it heden rûk en fiel, spilet in oar ferhaal my troch de holle. It teater fan myn eigen wurden. Mear as samar wat gedachten. Langer as in dream. Perfoarst gjin magy. Ik leau yn de fiksje fan dit libben. Slagge it my mar om dat yn krekt sokke sprekkende bylden as fan dat skilderij op papier te krijen.
omgong
Ja, it is it lôgjende ljocht en de woelige kleurensee: turbulint en rûzich as in twirre. As fruchten fan in ferwoeden geast binne se sûnder mis de grûnslach fan it lânskip dat my yn de besnijing hat. Wa hat de skeppingsdrang fan dizze skilder noch noait yngreven op him ynwurkje litten? It opera omnia lêst ommers as in boek mei eksoatyske printen. Of klinkt dat oerdreaun? In deade boel is it seker net. Alles wat er - sa te sjen rap en mei rûge kwasten - staljûn hat libbet suver.
Al bliuwt it in ûnberikbere realiteit, syn ljocht en kleur dimmet noait. De blinkende stjerrenachten bylkje neat minder as it ferskuorrende sinnegiel. It moat de skilder syn doel west ha en stryk de ferve as in lûdroftich spektakel op it doek om de stilte fan it lânskip te ferbrekken. It is it doel dat him op syn selsportretten by wize fan sprekken út de eagen spat. In doel dat grif syn dea waard en him ferivige. It moat je mar oerkomme. Socht er der om fregest dy ôf of koe er net oars? Yn alle gefallen wie alles op syn libbensreis him tinken, al hat er spitigernôch noait witten op hokker bestimming er oankaam is.
Al bliuwt it in ûnberikbere realiteit, syn ljocht en kleur dimmet noait. De blinkende stjerrenachten bylkje neat minder as it ferskuorrende sinnegiel. It moat de skilder syn doel west ha en stryk de ferve as in lûdroftich spektakel op it doek om de stilte fan it lânskip te ferbrekken. It is it doel dat him op syn selsportretten by wize fan sprekken út de eagen spat. In doel dat grif syn dea waard en him ferivige. It moat je mar oerkomme. Socht er der om fregest dy ôf of koe er net oars? Yn alle gefallen wie alles op syn libbensreis him tinken, al hat er spitigernôch noait witten op hokker bestimming er oankaam is.
Tiden hawwe tiden. Dêr't de reis fan de tamtearre keunstner al fierhinne dien wie - de âlde roeken boppe it nôtlân soe er koartby skilderje - giet in oar syn reis fierder. It ynliste wurk fan skilders is faak net folle mear as in dekor foar passanten. Op inkele oanbidders nei stiet it measte fakânsjefolk en de flaneurs dy't ha ferfele net lang stil by in skilderij. Even prakkesearje en dan rinne se wer troch. Wat bist sels? freegje ik my of, wylst ik de stadige omgong fan it ferwûnderjen en it bewûnderjen yn my opnim en: wat sjocht in oar wat ik net sjoch?
licht
wat heger sicht, wat lichter dagen,
mei langer ljocht fier út´e hichte
is de sinneskyn ferhevener, it kin
it libben drage as swellen op´e trie
tuike oan
Wêrst ek bist, oeral ferhâlde tiid en ôfstân har ta inoar lykas tekst mei papier. Dochst it mei beide tuike oan om der troch te kommen, dan nimst it measte op. Easy does it dus ast feitlik nergens hinne hoechst. Dat avensearret fansels net bot, mar stadige wegen binne gjin omwegen.
En wêrst ek hinne giest, it each wol sines ek ha. Te foet hifkje ik de stêd op syn merites. Foarkommen, foarm en folume, ik kin der net omhinne. Yn 'e hichte, breedte en djipte beslacht de omfang fan fêste massa it blikfjild. Suver oer en tefolle, it is amper noch út te meitsjen wat wol of net besjen lije kin. It grutte ferskaat fan gevels wjerspegelt âld en modern en yn har skaad krewearje de minsken yn in drift om te oerlibjen. Dat it tempo fan in metropoal heger leit as minent sit my nergens yn´e wei.
Dat nergens nimt de romte dy't ik wol brûke kin en dy romte is in ferhaal mei in iepen ein. Letter foar letter druk ik dy ynfal yn de notysje-app fan myn tûke telefoantsje. Tink ik lykwols wat djipper oer de wurden nei, dan wurdt de fergeliking hurd minder. Alle ferhalen ha ommers in definityf ein, sels as de reade tried nei in soad omwegen wer by it begjin útkomt, krekt as in reizger dy't lang om let wer op it tsjinoerstelde plak fan syn bestimming belânet. Dat is net myn ambysje. Ik bin ab ovo fan hús tein. It liedmotyf driuwt noch op de wynfearren fan myn gedachten. Om de gong der yn te hâlden brûk ik oeral en nergens wat my ynfalt, al leart de ûnderfining dat soks yn de measte gefallen gjin grutte ivichheidswearde hat. Mar dat docht trochstrings letter pas bliken, ast by tafal de oantekeningen wer ûnder eagen krigest. Wêrst ek mar bist.
it begjin
De earste dei fan in reis is net deselde dei as dy wannearst bepakt en mei de gedachten al fier yn´e fierte it eigen hiem ferlitst. Dy dei is inkeld in oanset mei it doel om te wennen oan it materiële ferfier en om de ballêst yn 'e holle kwyt te reitsjen. Mei oare wurden: der moat op syn minst in nacht ferrinne, wol in te slagjen reis definityf fan start gean. In goed boek set ek net altiten op de earste side út ein.
Dan, nei de earste nacht, as de sliep op in wjerstribbich kessen it ier en betiid oerjout, dan is de twadde dei feitlik it echte begjin. De nijsgjirrige macht fan de ûngewoante slacht foar master op en it wurdt pas goed dúdlik dat de deistige werklikheid feroare is. Tenei skriuwt it libben him oars. Elke ôfstân tusken twa plakken fan tiid wurdt in part fan in nij ferhaal.
Op de twadde dei kinst ek de bepakking even stean litte om mei minimale omballingen as in nomade yn it oerwâld op ferkenning te gean. Lykwols, foar in behâlden thúskomst sil earst de kaart fan de neiste omkriten goed ynprinte wurde moatte. Fannijs de wynstreken op it persoanlik kompas bystelle kin ek fertuten dwaan. En mei alle sintúchlike antennes omheech, om benammen de omslach fan lucht en lûd op te nimmen, kinst ek it ljocht as tiidfaktor op dy ynwurkje litte. Dat doch ik, as ik út it hotel wei yn it noch net ûntdutsen libben stap. Gjin noed oer tûkelteammen, it giet fansels. Lichte strjitstiennen drage my tusken rizige muorren. Grutte finsters litte my achteleas gean, tagelyk fljocht alles wat beweecht tsjin de tried yn op in meter by my del. Stikje by bytsje groeit it jongste ûnthâld yn in rûzich dekôr. De reis siket syn earste paad.
it doel
Ik dreamde yn in
taal, dêr 't ik fan woe dat it minent wie. In taal dêr't ik my thús yn fielde. In waarm
lûd, fol unike klanken en eigenwize wurden, dat woeks as in wielderige tún
dêr't ik altiten frij yn omrinne koe. It wie de taal fan in lân sûnder regels
en grinzen. Wat wie ik gelokkich, dat ik mei dat fermogen om my te uterjen gjin
muoite hie. De wurden kamen my as eigen oer de lippen en de sinnen breiden har as
in kleurrike tried ta in byldzjend gehiel. It die ek bliken, dat ik poerbêst
ferstie wat elkenien te sizzen hie en dat alles wat ik sels sei foar in oar beslist
ek net min te begripen wie. Dúdliker koe ik my yn in oare taal net meitsje. Ik
koe der yn roppe, raze en sjonge. Ik koe der yn flokke, yn gûle en ik koe der
yn laitsje. It joech neat hoe't ik it sei. It wie de taal fan myn djipste
tinken. Ik liet myn gedachten der frijmoedich yn gean. It joech my rie by
twivel en learde my de keunst om te redendielen. Ik stie mei dy taal midden yn
dizze tiid. It wie tusken myn berte en dea de basis fan myn bestean, mar ek in wichtich
middel om by de gewoanste dingen stil te stean. It wie myn wize fan oerlibjen. Koartsein:
dy taal wie myn doel.
Dy taal stie foar in autentike kultuer. Har wurden wienen goed te lêzen foar elk dy't it mar woe. De sinnen sprutsen ta grutte ferbylding en fan meinimmende ferhalen wie altyd ferlet. Dy taal stavere de moaiste gedichten en lieten. Alles wat der yn skreaun waard libbe as in hert.
Ik dreamde fan in taal dêr't ik fan woe, dat ik der mei flaters yn skriuwe koe, omdat dat der neat ta die.
Dy taal stie foar in autentike kultuer. Har wurden wienen goed te lêzen foar elk dy't it mar woe. De sinnen sprutsen ta grutte ferbylding en fan meinimmende ferhalen wie altyd ferlet. Dy taal stavere de moaiste gedichten en lieten. Alles wat der yn skreaun waard libbe as in hert.
Ik dreamde fan in taal dêr't ik fan woe, dat ik der mei flaters yn skriuwe koe, omdat dat der neat ta die.
wei
oan it IJ
rekken de simmerdagen
stadichoan wei, ik koe net
mear fine wat my ûntsketten
wie, fergetten wie alle tiid
dy´t ik net misse woe, lykas
de nacht nei de langste dei.
by de mar (9)
lies ik myn eigen
wurden
yn it spegeljende
wetter,
ik harke nei in sinnich lûd
en wist yn in
refleks daliks,
dat wat ik yn dy
wjerskyn
seach sels net
betinke koe.
mei de boat
The boat
I've taken
Well, I
made it to the Shetlands
or maybe
somewhere thereabouts
and I
have to tell you it wasn´t easy,
no, it
was more or less a trip to hell.
So I am
a little burned, broken and
slightly
out of control, wondering
what am
I doing on a silly island?
Even though
the sun is shining bright.
But
still, I made it to the Shetlands,
at
least I think I do, or could I be
mistaken,
and am I somewhere else?
djûr
Polityk?
It binne gjin grappen, mar streken as ien
mei de wiisheid yn pacht it better as in
oar mient te witten hoe´t it yninoar sit.
It binne gjin grappen, mar domme streken
as ien út 'e hichte koartsichtich tinkt dat
er
in oar fan alles en noch wat wiismeitsje
kin.
It binne gjin grappen, mar fine streken as ien
yn 't foar al nergens nei harket en in oar syn
arguminten as te licht ûnder it flierkleed
feit.
It binne gjin grappen, mar gefaarlike
streken
as dyselden dy't tinke dat se it foar it
sizzen
ha it ferrekke om oaren oan it wurd te
litten.
Gelokkich mei elkenien dy't net skriuwt alles
sizze wat er tinkt, it kin neat skele wat
er seit.
Mar wat yn 'e frede wol it sizze as ik net
mear
skriuwe mei om frij oer myn taal te beskikken?
Sille we it dan noch 'beleve' dat de tiid te
'djûre'
grappen wreekt, sels as de striid al besljochte
is?
lydsum lijen
Op lichte reels gûnzje ik mei de faasje fan in sneltrein nei de stêd. Earst heech by it brede wetter del, dan as op lucht oer drokke diken en krúswegen. Op leger nivo feroarje de bûtenwiken yn weagen fan stedske bebouwing mei kreas berape gevelstien. Rap komme rûnom de ikoanen fan âlde en moderne arsjitektuer oer de dakken tichter by. Mar foar we de stânfêstige beakens berikke dûk ik ûnder de grûn. Opslokt yn de pipen fan in like fernimstich as ûnbidich systeem: de spelonken fan in metropoal. Ergens yn dy ûnttsjustere put stap ik út en wurd ik in wrotter. Mei ferdrach baan ik my in paad troch in bline massa. Yn dat leger, dêr't ik as soart oan besibbe bin, mar net ien fan kin, draaie alle mooglike nasjonaliteiten troch in grutte kolk ferskate kanten op. Dat elkenien yn dat kommen en gean it paad wit, ik kin der net by. It giet my lykwols ek hast fansels. Roltrep nei roltrep lit ik my nei de djipste lagen sûgje. Op it leechste punt hapert de floed. Ûnbeweechlik libben stiet yn de wacht. Stoefe blikken sjogge skoftich of sljochtwei ûnferskillich foar har út. In inkeling nimt de situaasje betochtsum yn him op. It besaut my. Krekt út de loft wei plukt bin ik folslein anonym yn in swijende hage skood. Skouder oan skouder. Allegear tûke tinkers, allegear dreamers en dwilige dwazen. Gjinien dy't fan de oar wat wit. Stille wille en lydsum lijen. Dochs fiel ik my net allinnich. We sykhelje deselde droege lucht, harkje nei itselde ratteljende ritme fan oanboazjend lûd. It wachtsjen is op it sinjaal dat ús yn in rige konteners fan oerslach nei oerslach ferfiere sil.
fleane
De fûgel is los fan de grûn, better byld kin ik net sketse fan it gigantyske gefaarte dat my optilt. Net sûnder muoite docht bliken, want de wjerakseljende swiertekracht lûkt my werom yn de stoel. It is frjemd en fiel dat it eigen lichem werklik út kilo's bestiet. Mar faasje oerwint it gewicht, yn in tel bin ik se wer kwyt. We sile as in boskje fearren omheech. Krekt as eartiids op´e soeie yn de âld appelbeam klim ik hieltyd heger en heger om de loft stikken te skoppen. Sûnder wjerstân berik ik in ûntinkbere hichte. It deade punt! Kjeld sjit my fan de weromstuit troch de lea. Dat dy yslike sensaasje my noch altiten sa yntins rekket. Mar it is sa, ik fiel it en ik wol it op sa'n momint alle kearen wol wer útraze. Yes!
It duorret lykwols te koart: dat longerjende gripen nei ik wit net wat. It is fierstente te gau wer dien. De bân mei de ierde keart myn lichem op. Of reitsje ik in ûnsichtber plafond? It knapt my yn 'e earen. Dôf wurd ik my opslach bewust fan myn kwetsbere posysje. Fleane as in fûgel? Te mâl foar wurden. In minske kin ommers net op eigen kracht troch de loft bewege. Noait! Sels yn de mytology mislearret it jammerdearlik. Guon tinke dat inkeld de siel him op in beskaat momint los fan it ierdske meitsje kin. Dat leau ik net. En al sit ik by it rútsje net op it minste plak, ik hoech ek net te tinken dat ik dêr by need de measte oerlibbenskânsen ha. Dat is likegoed in yllúzje. Kinst dy dêr mar oan ien punt fêsthâlde: it ile streekje fan de kime. It sabeare paad nei de ein fan de reis.
te min
Wêr bin ik sûnder taal
om it paad te freegjen
en in miening te jaan
yn it lân fan de swijers?
Wa bin ik sûnder wurden
om in ferhaal te betinken
en de wierheid te sizzen
oer de grûn dy't my bynt?
Wat bin ik noch wurdich
sûnder te skriuwen wat
ik wol en yn myn sinnen
gjin ûntwyk mear fyn?
Ik wie jimmer op 'e doele
en 't libben wie my te min.
baaie
Net te leauwen, sa bysûnder as in kuier lâns de
orizjinele gedachtewrâld fan in oar wêze kin. Ik doel op de útstalling fan in
unike kolleksje skilderijen en objekten, allegear spannende betinksels fan in selekt
tal keunstners dy't it ferstân fan de foarbygonger mei harren ynderlike
driuwfearen kidelje en ferbjusterje wolle. It docht dan ek gjin nij dat sok
geastferromjend guod in reis nei Amsterdam de muoite tige wurdich makket.
De doar nei de wrâld fol ekspressive, iepenbiere
keunst op it Museumplein hat jierren sletten west, mar koartlyn gong de boel
gelokkich wer fan't slot. Dat wa´t him graach ferwûnderet oer hoe't ferburgen
saken fan de minsklike geast har dêr omraak oppenearje, kin der lang om let wer
syn gerak krije. Yn it fernijde Stedelijk stiet, hinget, klinkt en beweecht in
weareld oan ferbazing. In besite is as baaie yn in grutte, wite tobbe fol
ferbylding. Alles wat der útstald wurdt toant it libben yn in diminsje dy't
fierder giet as inkeld samar wat oerflakkige ideeën. Mar tink der om, sûnder fantasy
hat de reis der hinne gjin sin. Want wat it each dêr waarnimt ferget begryp en
in iepen blik fan it foarstellingsfermogen. De besiker moat in ûndersiker fan
it ûnbekende wêze. De besiker moat net benaud wêze, mar nijsgjirrich nei wat
bûtenwenstich is. De besiker moat him yn dy tobbe fan de ferbylding ûnderdompelje
litte as in ûnleauwige yn de Jordaan.
Alles wat nuver is wurdt yn´e regel noch frjemder ast der
raar fan opsjochst en dat makket de ûnderfining mei moderne keunst oangripend
en meislepend. Wat mâler, wat moaier. Wat skikke en ploaie mei de boargerlike
moraal kin dan ek gjin kwea. Dan wurket de yllúzje fan de keunst it bêste. Dan sil
it beklibje. Dan wurdt de wrakseling in oerwinning.
rinne
Ik bin op de loftseehaven yn de polder ûnder it Amsterdamske peil. Betonnen boaiem, metalen ramten, glêzen muorren: alles stiket as in labyrint fan gongen en portalen yninoar. It is der altiten ljocht, it libbet dei en nacht. Ik folgje de hantwizers nei de oerdutsen kaden. Oan alle kanten is te fernimmen dat ik troch in meartalige krite rin. It ynternasjonale byld en lûd lit him rûnom ropperich jilde. Each en ear wurdt der net oars fan, de holle skeakelt like maklik op it bûtenlânsk oer as tusken de talen dy't ik fan jongs ôf meikrigen ha. As it mar gjin Sineesk of Sanskryt wurdt, dan kom ik it measte wol nei. Giele buorden mei stive swarte letters en wat sifers wize de rûtes nei de poarten en de pieren.
Departures - Check-in - Gates - Starbucks - Boarding. It kin de master net misse. Wat my al ûntkomt, dat fyn ik mei de mûle wol út. Faaks hoech ik ek net alles te begripen. De ûnbekende wurden binne grif ornearre foar in oar. Alle boeken yn de biblioteek binne ek net de muoite wurdich. Faaks hat wat ik net begryp in doel. Fan skea en skande wurdst ek wizer. Dat wit ik sûnt ik lang lyn as froed backpacker op in oar kontinint it ferkearde antwurd joech op de fraach of ik as dapper boarger fan it lege lân myn finger wolris yn in 'dyke' stutsen hie.
Departures - Check-in - Gates - Starbucks - Boarding. It kin de master net misse. Wat my al ûntkomt, dat fyn ik mei de mûle wol út. Faaks hoech ik ek net alles te begripen. De ûnbekende wurden binne grif ornearre foar in oar. Alle boeken yn de biblioteek binne ek net de muoite wurdich. Faaks hat wat ik net begryp in doel. Fan skea en skande wurdst ek wizer. Dat wit ik sûnt ik lang lyn as froed backpacker op in oar kontinint it ferkearde antwurd joech op de fraach of ik as dapper boarger fan it lege lân myn finger wolris yn in 'dyke' stutsen hie.
Ik rin lange berûne einen en lês ûnderweis de neiste takomst yn myn hân. It skermke meldt de krekte tiid en oere fan de ljep omheech. In streepkeskoade op papier en in plestik paske mei myn identiteit is fierder alles wat it brûkt om fuort te kommen. It lân achter dunen en diken lit my sûnder betinken gean. Earst noch it lêste ein te foet. Ik lit B en C lizze, ik rin nei D en sykje om nûmer 86.
slûpe litte
Bluisterich strûpt de trein troch it lânskip. Ik ha myn plak fûn, in finster mei frij sicht en gjin praters njonken of foar my oer. Yn 'e rûs fan de passive beweging jou ik my del en driuw dreamerich fuort op in tiidleaze stream. Foarearst giet it ien kant út, streekrjocht en op it skema fan it spoar. Achter it spegeljende glês wikselet de griene stilte him út en troch ôf mei de echo op dôfhûdich bakstien en beton. Inkeld it izer op izer rattelt op guon plakken as in karre op in klinkertdyk. It giet hurd, sa't de trein alles deun op it spoar foarby jaget, hurder as de auto´s op de dyk. Op in stuit ride de feninige blikbakjes op tsjillen likehurd parallel mei it spoar mei, mar al gau moatte se belies jaan. Ik waan my de winner. Krekt as lis ik foaroan yn in race en sil ik mei grutte foarsprong as earste oer de streek komme. Noflik lit ik in ûnwennich gefoel fan macht oer my hinne komme. It hege tempo hat my noch mear te fiter. Mei de eagen ticht wachtsje ik fergees op de ferrifeljende fertraging fan in fleantúch dat los fan de grûn rekket. It spoar as startbaan, dat kin elke fantast betinke, of it moat freudiaanske gedachte wêze. Underbewuste ferlangens om boppe alles út te stigen. Mar dy sensaasje fan alles slûpe litte hâld ik noch te goede. Want al bin ik op reis, ik bin noch altyd net echt fuort. Ik ha my noch net losmakke. It is inkeld in besykjen. Ik klamp my allinnich mar oan it tempo fan de trein fêst om net werom te hoegen. My tinkt it is de oergong, in faze fan twivel en ûnwissens oer wat der komme sil. Dêr moat elke reizger trochhinne.
De See
Sjoch de see, dat blikfjild fan de geast,
it dampich flues as boartlik treast,
in massa libben yn de djipte fan de kime.
Sjoch it spegeljen yn dynjend ljocht
op wiet fluwiel mei dûnsjende fonken
as wyn troch lichte lokken famkeshier.
Sjoch it tij de tiid, it ritme fan ûneinigens,
de folle leechte fan in mistich byld,
peilleas as it tsjuster fan it himelwiid.
Sjoch de wolken kloftsjen boppe it lôgjen
fan de floed en Neptunus mei syn hynders
fjochtsjen tsjin de oermacht fan de wolven.
Sjoch de begûcheljende spatten ferve
fan Anders Zorn op akwarelpapier.
Museum Grins, eksposysje: Nordic Art.
Fuort
Mei de kaai yn de bûse sit de doar op slot, dat is yn 'e regel sa. Alteast, nei dat it ûnthâld it byldargyf fan de rûtine even oereaget om der wis fan te wêzen. Wat rin ik fierder noch mear nei? De ynhâld fan de rêchtas: de swierte moat wer wenne. In steapeltsje paskes: ien foar ien binne se my troch de fingers gong. It listke yn 'e holle fan de tiden is de lêste kontrôle. Neat fergetten? Dan fuort! In nije tiid temjitte.
It is ier op de moarn en skimerich. De dei siket om romte en mei it oanwinnen komt de mienskip foar it ljocht. In gerdyn wurdt iepen strutsen, auto's jouwe gas, in fytser sjit gefaarlik deun noch krekt foar ien lâns. Skoaljeugd rint hastich nei de bus. Dat is myn doel ek.
By´t ynstappen docht it earste paske haperjend syn wurk. Wrantelich wrot ik my healwei it gongpaad op in bank by it rút. Ik sit amper, of we ride al. Hokker fiere reis begjint net mei it rinnen fan in motor? Nuver, ast der njonken stiest dan jout it lûd argewaasje en ast der yn sitst dan kinst it bêst ha. No gûnzet it as muzyk troch my hinne. Fuort sljochtet it mentale paad stel ik fêst, it bypassende lûd skept in nije diminsje.
Mar thús is noch thús. It byld fan it hûs dat yn it tsjuster achterlitten is stiet my noch nei by. Tebeksjen wol ik net, al fiel ik in ferlitten leechte rikken. Dat sil geandewei minder wurde seit de ûnderfining. Meidat de ôfstân tanimt wurdt it hûs in trochsnee adres. Nûmer, postkoade en strjitte fan de lokaasje dêr't in namme by heart is dan net folle mear as ien fan de ûntelbere bestimmingen op de kaart. Sa giet dat by reizgers dy't hieltiten fierder fan hûs ôf reitsje. En al hoe bêst it plak ek is, witst noait ast der oait wol wer in foet oer de drompel sette silst.
Abonneren op:
Posts (Atom)