by de mar (6) nei de langste nacht


is desimber kâld en belune
wrakseljend mei it lêste skoft
tiid jout belies en sil ferdwine
troch ferwin fan it nije ljocht
wat no is wurdt ús ferline
tiid yn desimber skuort de loft


vis à vis


Wat heger de keunst, wat grutter it riedsel! Of hoe't it riedsel fan de keunst de keunstner nei in heger nivo tille kin. Byldhouwer, skriuwer of skilder, it mystearje fan it sjeny is universeel. Oeral komst it fenomeen tsjin, ek ticht by hûs. Je moatte der op klear wêze. Want each yn each te stean mei in stillibben fan Thijs Rinsema docht likegoed in oanslach op it foarstellingsfermogen as wannear´t men it nijsgjirrich each  rjochtet op in net te beteljen glinsterjende keunstkop fan Damien Hirst.
Op in behindich doek fan Rinsema ferrifelje inkeld twa figuerstikken de taskôger. It tredde objekt is it skilderij sels. It smelle listke is as ramt fan in ferhaal it finster fan de moraal. Vanitas! Alles is leechte! Seit it net genôch? Tagelyk kin der gjin stiller libben mei it sprakeleaze gesicht fan in deadskop yn byld brocht wurde. Der is gjin glim of grime, noch wille of pine waar te nimmen. It masker fan de werklikheid is dellein.
Persepsje is lykwols faak in subjektive kwestje. Stel dat it hjir om in portret fan de eigener fan it boek giet. Dan wurdt it in hiel oar ferhaal. Al bliuwt it in fraachstik. Mei it ferdwinen fan it eachljocht swije alle stimmen. Ha we hjir miskien te krijen mei de lege plasse fan in skriuwer of dichter? Wie it in tinker of in prater? Stean der wol teksten yn it boekwurk sûnder titel? Wa wit hat de skriuwer in prediker west dêr't gjinien nei harkje woe. Der is fan alles fan te meitsjen. It mystearje wurdt der allinnich mar moaier fan. Mar lit ús - mei de keunst yndachtich - it fierder by de serene stilte fan it taferieltsje hâlde. In fisueel yntermezzo sûnder kleurklanken. Inkeld gedachten ferwurdzje it swijen.
De ferklearring fan de mystike artefakten is fansels allinnich mar simpele symbolyk. De ynbannige komposysje jout de tiid stal. Wat west hat en wat west kinnen hie, faaks mei in blik op wat is en alles wat noch komme kin. It docht jin suver wat. Each yn each te stean mei de oeren, dagen en wiken yn it hastige ferrin, mei de moannen en de ferstjerrende wjerklank fan har nammen. En mei it jier dat troch de lêste siden fan desimber blêdet en dan it boek tichtslacht. Je moatte der op klear wêze.

ex tenebris

Yn it skiere ljocht fan mistich waar is de werklikheid fier te sykjen. Libbest yn in oare wrâld. Der is gjin east of west en gjin noard of súd mear te bekennen. Doarmest yn in ûnbekende diminsje sûnder perspektyf. Wêrhinne fregest dy inkeld ôf. Bestiet der wol in oare kant achter dy algeduerich opskowende molkeglêzen muorre? Faaks hat sa'n grize helm oer it lân krekt as doel en beskermje de wrâld yntegraal tsjin obskuere ûngemakken, mar moatst de kop der wol by hâlde. Rjochtingoanwizers hingje doelleas yn de loft. Der falt amper noch in paad te kiezen. It ienlike paad kiest dy; ast der net om tinkst streekrjocht oer krusende wegen hinne. Op heal ferhoalen diken ferdwine feninige reade ljochten hastich yn harsels  en spatte even letter oan 'e oare kant as fjurrige eagen wer nei binnen ta. Of nei bûten? Kaam it oerljocht sa út it tsjuster opsetten? Begûn it alderearste begjin yn in krekt sa'n grauwe sop? Der is lykwols gjin knal te beharkjen. Lûd wurdt wei. Yn 'e dize is alles neat en neat is alles wat it liket. Yn it lânskip fan dôven en blinen oerhearsket it stomme. Alles swijt. Ik mei wol oer de lichte swierte fan dat wiete elemint. Dy bjustere benearing fan it útsichtleaze bringt dy tichter ta dysels. It is in drôgjende stilte, datst tinkst: soe it fierderop noch stiller wêze? De dize liket de tiid yn de stilte op te lossen. Wat stekt der achter? Hearsket oan de oare kant fan it grize gerdyn de stilte fan de lêste ein, of...

by de mar (5)



jage de simmer de hjerst yn, mei de
faasje fan in stroomfyts by my del,
'k rekke rimpen op 'e kletter nei de
winter, dat ik trape kjel heftich op de
remme, mar te let, want de tiid sakke
my as boomiis ûnder de skonken wei.


It doel

It each wol ek wat. It each siket in doel. Underweis troch de evolúsje fan it moderne bestean wie dat sykjen okkerdeis it doel. Sykje nei wat in tal keunstners fan eartiids yn harren romrofte dagen foar eagen stie. Alsa fûn ik myn bestimming middenmank kanonyske skilderijen, bylden foar de ivichheid en revolúsjonêre objekten. Keunsten fan de skeppende geast! It erfskip fan de ekspresjonisten, kubisten, dadaïsten, surrealisten en futuristen - ik neam der mar in pear - hat de takomst yn it ferline op de kaart set en de blik op de wrâld foargoed feroare. Kom dêr no noch mar ris om.
Hoedsum lavearre ik yn in keunstpaleis fan Den Haag tusken de gaos en harmony fan de ferbylding. De hannen djip yn de broeksbûsen. It baarnde my wer ris yn. Want dat is it slimste, no? Dat je neat oanreitsje meie. Hannen thús en allinnich de eagen de kost jaan. Mar dat is my noait genôch, omdat der mear is as wat it each sjocht.
Koe ik mysels by de Bolle fan Potter en it Putterke fan Fabritius yn it Mauritshûs noch yn 'e stringen hâlde, yn it Gemeentemuseum wie it by in leidige skulptuer fan Brancusi in stik dreger. Ik stie suver yn bestân en klamp my fêst oan it ûnfersetlike metaal. Sa´n rite oerfalt my faker. Benammen as in keunstwurk op it earste gesicht gjin inkeld doel liket te hawwen. Of omdat it each muoite hat mei it ûnbegryplike. It is de fertwiveling fan it riedsel, dêr't gjinien in antwurd op wit, en dat lit dy net los.
It each siket it idee. It wol yn de geast fan de keunstner sjen, of krûpe yn de siel fan syn wurk. Faaks wol it each fêststelle oft it bjustere keunstwurk echt bestiet. Mar al priuwde ik de kleuren fan van Gogh en hearde ik de byldmuzyk fan Kandinsky, it ferstân siket fysyk hâldfêst: ik wol oanreitsje! Net om de kwaliteit te hifkjen en te mjitten, dat docht it folk wol dat tinkt dat it der doel oer hat. Ik wol wat oars. Ik wol as it ware it libben fiele yn de stigmata fan in tiid. It is altyd wer deselde oanstriid. Even mei de fingers oan de groeden fan in Appel sitte wolle, of hoeden it wjerstribbige brûns fan in breklike Giacometti betaaste. Dan soe ik nei alle gedachten mei de eagen ticht de taal fan de besieling lêze. Yn myn eagen in befrediging. Ik soe oan myn fingers rûke en de hannen wer djip yn 'e bûsen stekke. Ik wie ta myn doel slagge, as ik it doarste.

Lânskip



Besibbe oan it lânskip

Op it hiem fan de bernetiid by de appelbeam lizze
skerpe bylden út it ferline. Dêr blomket it gers foar
de geit en de kninen op ’e blikke njonken de finne.
It ryk foar beukers is in boarterstún fol jongeswille.
By’t simmer kleuret alles pears troch ripe prommen.

Yn it greidlân, efter de pôle foar in keppeltsje skiep,
weidet it fee yn it rynske skaad fan tichte elzenwâlen.
Op ’e kolk by de keallehokken hinget de rook fan kij
út ’e bûthússtâl en it hea yn ’e golle. Heech ûnder de
skuorrenaad dûnsje de kopketommeljende swellen.

Op dat hiem fyn ik yn ’e slommer fan myn ûnthâld it
paad nei de foarein fan it stee dêr’t ik grut wurden bin.
Troch it rút klinkt in taal yn it ferjit en laket it gesicht
fan in dûbelgonger. By de reinwetterbak bloeie ûnder
it dak fan de linebeam ús mem har goudsjeblommen.

It wie ea ek it spul fan pake en beppe en dy, yn in gea
mei griene muorren en blauwe loften. Yn de Wâlden
stie myn widze, dêr rekke ik besibbe oan it lânskip.
Dêr sliepte ik op ’e souder en lei mem ûnder yn har kiste.
Hoeden hifkje ik de klink, mar ik doar him net te lichtsjen.






by de mar (4)

song ik ûnder berûne loften oer it
mêde waar, wylst de reidwâl mei it
sûzjen fan de wyn sa treastlik rûze,
ik rekke yn 'e rite fan it ritme troch
it salvjen fan de rym suver yn´e sûs
fan in lije stoarm-yn-oktoberblues



Lêzers



Us wrâld is mar lyts, dat nei alle gedachten ken elke Fries persoanlik wol in Fryske skriuwer of dichter. De kâns is nammentlik grut dat je by ien yn ’e klasse sitten ha dy't de oanstriid hie om syn brea der mei te fertsjinjen, of dat je by ien op 'e streek wennen dy’t it graach wurde woe. It kin ek samar dat je ergens by't fierljeppen, by it keatsen of op de mar yn 'e kunde kamen mei ien dy’t it al wie. Sels hjoed de dei kom je se yn 't wyld maklik tsjin. Se sitte net allegear nacht en dei achter it kaaiboerd te switten foar it masterwurk dat alle ferkeapsifers oertreffe moat. Boppedat is it hiel goed mooglik dat in protte minsken in letterwrotter yn de famylje ha. Sa moat in mannichte folk op ien of oare wize besibbe wêze oan de literêre keunst. In hiele aardichheid, no? Wat soe dat in lêzers opsmite kinne as soks yn de moanne fan it Fryske boek wat mear omtinken krige. Want lang net elkenien hat der miskien weet fan.
No docht - lies ik al krantsjend - ek noch bliken dat in grut tal skriuwers en dichters sels ien of mear skriuwers yn de famylje hat. Oer predestinaasje, jildingsdriuw of ropping sil ik mar net begjinne, dat liket my net fan dizze tiid. Lit ús foar it gemak mar even oannimme dat skriuwen en dichtsjen yn de genen sit. Mocht soks trochsette, dan kin it tal skriuwers en dichters inkeld noch mar tanimme. Tink ris yn: hast elke Fries in skriuwer of in dichter! Dat sil skielk in protte ta lêzen oansette, dat kin net oars.
Dat sadwaande krige de genetyske skriuwfaktor my yn 'e besnijing. Nijsgjirrich haw ik de annalen en de argiven der op neislein. It kin langer mei in pear fingerklikken, dêr hoege je net mear foar nei de stêd. En sjoch, ik hie 't wol tocht. It stiet aldus beskreaun! Betoerpake is it bern-bernsbern fan Petrus Couperus ( Ideard 1657- Wergea 1735), dy't wer de betoerpake is fan Louis Maria Anna Couperus syn heit. Dat soks, safier fuort, yn ien rigel nei te kommen is, dat is suver in wûnder. It aardichste is fansels dat ús heit ferneamd is nei syn omke Petrus Couperus. Ik ha koartlyn noch op it hôf stien dêr't it bewiis leit, mar of dat mear lêzers opsmyt? It is te betwiveljen.  

bylden binne wurden


Ik bin in eilângonger, omtiger út it lân fol grinzen.
Myn blikken strune by de diken del en oer de hichten
fan de dunen. Ik hein de kimen yn it prisma fan myn
hannen. Tiid yn it bestean duorret minder as in tel.

Ik bin in eilânman yn in kleurensee fan dreamen.
In iepen finster fangt it brânpunt fan myn tinzen
en de wiisfinger printet alles wat ik sizze wol.
Ljochtkristallen falle op de fluezen fan de linzen.

Ik sjoch it hinnekommen fan it libben rûnom lizzen.
Fjoer baarnt de bline flekken fan myn neakens skjin.
Bylden binne wurden yn it spektrum fan de sinne.
Ik bin it eilân fan de man en wy stean de streamen.






by de see (2)

 
naam ik by twiljocht de lêste oerset foar
de nacht, ik wie hast fan betinken: ik fear
oer de Styx, wylst myn each skichtich nei
de kime socht, it eange my lykwols om'e
nocht, omdat lang om let bliken die dat it
fartúch my nei Skiermûntseach ta brocht.

Ferljochting

 
Ik ha it ljocht sjoen. Ljocht dat net sear oan de eagen docht, mar as salve oer de siele strykt en as ferlichting  it drege moed rommet. In bysûnder skynsel dat net út kin. Dat ljocht hat der altiten west en it is der ek foar in oar. Moatst it sjen kinne, moatst it oer dy hinne komme litte en yn dy opnimme wolle, dan silst der ek fan tsjûgjen gean. It is wrâldferneamd. Wa´t it sjocht wit wat it is. It is ús eigen ljocht! En it is fergees! It is it alles oerstjalpjende noarderlân, waad en strânljocht. It kollektive libbensskynsel yn it lânskip fan de noarderling. De glâns en blâns fan dat natuerlik fenomeen is ta de gloarje fan syn unike bestean fongen yn matearje. In fiiftal skilders hawwe dat ljocht op persoanlike wize mei grutte konsideraasje stâljûn yn subtile formaasjes fan linen, foarmen en kleuren. Ynspirearjende, eigensinnige komposysjes yn de geast fan it ljocht sels. Op doek, op hout, op linnen en op papier. Krongen yn oalje, akryl, aaitempera en wetterferve. It is in iepenbiering en op 't heden te sjen yn museum Belvedêre by it Hearrenfean. In keunsthal dy't feitlik op de fûneminten fan ljocht boud is. Dat it koe gjin better plak krije. Gean der hinne is it boadskip en nim it ljocht oan. Rin der stadichoan by del en lit jin der yn meinimme, hein en fier. Lit jo ferljochtsje. It is tige de muoite wurdich. It is merakels.    

by de see (1)

die bliken dat it folk syn taal ferbruts,
koest as in frjemd yn ûnwisse tiden
gjin wurd mear kwyt, woest inkeld
yn in oare taal de kimen noch ferlizze,
al kaamst fansels dan ringen ta besef:
as flechteling hast ek gjin sek te sizzen.


by de mar (3)


sjochst it eilantsje yn ’e sinne foar
dy lizzen, dat skoandere oard dêr’tst
oait ris boarte hast en swom en frijd, dan
kinst dy mei gjin mooglikheid betinke, datst
 op sa'n plak as oertsjûge demokraat samar
fan in fassist de fatale kûgel krije kinst. 

3D


Dat in dichter dichtet is soms nijsgjirriger as wat er dichtet. Lykas it foardragen wolris wichtiger liket as it gedicht sels. It each wol ek wat, want the art of the show telt. Sa kriget poëzy op it poadium net inkeld in oar lûd, mar de taharker foarmet him ek in oar byld fan de tekst as er in dichter oan it wurk sjocht. Mooglik dat in protte dichters har krekt dêrom graach live yn it ljocht fan de skynwerpers oan in publyk útleverje wolle.
De iene dichter komt fansels al oars oer as de oare. Just it ferskil soarget yn ’e regel foar de ferdivedaasje. Je soenen je dus ôffreegje kinne: is it foardragen fan poëzy ferbale keunst of binne it fysike keunsten? Hawar, al hoe multimediaal it hjoed de dei ek brocht wurdt, taal en wurd makket altyd emoasje los. Bytiden sels sûnder doel oer de betsjuttingen dy’t tusken de rigels omsweve. Dat spile my troch de holle, doe’t ik koartlyn yn de Prinsetún fan Grins it optreden fan in hiele trits dichters yn my opnaam. Fernuvering genôch. By de boartlike klanken en oansettende ritmes brûkten de performers, bewust of ûnbewust, harren lea as wie ’t in ynstrumint yn in orkest. It skodde, trille, sweefde of stie ûnferweechlik op it skonkich ûnderstel. My tocht, sûnder lûd wie der amper ferskil mei in dominy, politikus of demagooch. De keunst fan it gebear rikt fier. En dy keunst koe wolris it geheime wapen fan mannich dichter wêze. Net inkeld de mimyk dy’t it gefoel yn de taal lei, mar benammen de hâlding fan it stal ûntbleate de identiteit fan de sprekker. En de diksje waard sterker troch de meneuvels fan de hân. Dat waard ik allegear gewaar. It wie in hiele foarstelling op himsels. In show fan bewegende wurden yn trije diminsjes. En dat sûnder spesjale bril. Ik woe dat ik it koe.


by de mar (2)

SEE

 
De see is de see

De see is altyd oars as ik him sjoch.
Tichtby it fierste fuort; oermjittich
djip en grinzen sljochtsjend, leit er
âlder as de alderearste dagen, rûngear
oer de wrâld op de ein te wachtsjen.

De see is altyd oars as ik him hear.
Fol leven fan de folterjende wyn of
yn ’e sûze fan in lije floed, mar ivich
mei in keppel masterfûgels stakkato
bekjend op de opsternate brekkers.   

De see is altyd oars as ik him rûk.
It switterige wier mjokselt mei de
rook fan fiskkadavers dat jokket yn
de noastergatten. It docht jin tinken
oan in deadsberjocht en oer it libben.

De see is oars as oars as ik him fiel.
Taastend  nei it lân strykt er, koel
beslein ûnder ferheven loften en ritich
by in teatrale wolkendûns, as wiete
fingerseinen oer myn bleate fuotten.

Mar de see is de see as ik him priuw.
It kâlde wetter byt my op de lippen en
ferskronfelet de hûch. It sâlt knypt my
stadichoan de strôte ticht en fermingt
him mei myn bloed. De see is wat er is.



De âld man en de see

Panorama

 Ik seach in oerdwealsk fiersicht tekene mei skerpe fuorgen tusken lange, sljochte diken en ik seach dat it goed wie. Boekemerk! Ik rekke suver ferlern yn it troch de grutte hannelsgeast skoepen lêzersparadys yn it WTC. Gelokkich wie it as festijn oankundige barren ûnder dak, want bûten de megastâl fol keapsjogge negoasje reinde it dat it miigde.
In miljoen boeken waard der sein, neffens de krante kaam dat del op oardel kilometer. Dan soe der wol de helte mear lizze kinne as it om Fryske boeken gong, mar dat wie net sa. Dat kin ek net. Safolle Fryske boeken ha der noait bestien. Alteast dat tink ik, faaks kin dat ek nochris útsocht wurde, al sille se der dan wol fluch by wêze moatte. 
In hiele smite boeken dus, op in merk dêr’t de hantsjebakkers fan kij en keallen efkes lins hienen, mar de lucht fan it boerebeslach it noch wol fan de drukinket wûn. Hawar, al hoe feestlik de papieren kiloknallers der ek by leinen, in miljoen titels wienen der net, likemin in evenredich oantal skriuwers. Want gâns wat fan deselde titels leinen opsteapele yn kreaze heapen en fan guon skriuwers (ik neam gjin nammen) lei der sawat it hiele oeuvre by. Omdat de measte skriuwers my net bekend wienen hat it ek net folle doel en strui mei nammen. Der leinen oars wol skriuwers by´t soarte, krekt as der boeken yn ferskate kategoryen wienen. In Frysk boek bin ik lykwols net tsjinkaam. In protte Ingelsk seach ik wol. Dat is fansels ek in moaie taal, dêr hoecht in oankeap net om oer te gean. De prizen foelen ek genôch ta. In bondeltsje mei it ûnfolpriizge wurk fan in romrofte televyzjedichter wie foar noch gjin twa euro te besetten. Ik hoopje net dat sa’n priis wat oer de kwaliteit fan it wurk seit, want op it each ôf like it my gjin ûnaardich boekwurkje.
Sa’n protte boeken, is dat net gau wat tefolle? Wurdt it in minske net oermânsk. Je soenen it fan tinken hast wol ha kinne. Mar it oerskot fan de begearlikheid wie blykber wol om yn te nimmen. It keapfee kaam yn grutte keppels op it lêsfoer ôf en tôge - harsels tefreden sêdzjend - yn lange, bûnte rigen by de kreamen del. Ik hie it feestlik lânskip lykwols al rillegau besjoen. Inkeld it oansjen fan it ymposante panorama wie my moai genôch, dat ik ha net ta de beurs west.

Swijend hout

In kast moat ynhâld ha, mei lege planken is it krekt in mûle sûnder tosken. Dat soart swijend hout hat neat te fertellen. Sels in kast fan ferbeane beammen fertsjinnet better. In kast moat ek in prominint stânplak ha. Dan stiet er der goed foar en kin er proastich in status fan kwizekwânsje útdrage.
Koartlyn ha ik in fertutearze meubel fan waaibeamshout mei in libben fol ferhalen in opknapbeurt jûn. Wêr’t er weikomt wit ik net. Faaks tsjinne er yn syn jonge dagen as diggelkast. Faaks is er oerbleaun fan it boelguod, doe’t in âldomke en muoike mei de hiele húshâlding foargoed oer de grutte dobbe teagen, want eartiids stie er by ús thús al as in ôflizzer yn ’e skuorre. In foarnaam meubel is it dus net. Mei noch gjin twa meter heech en amper ien breed is it perfoarst ek gjin bysûnder kammenet. It gielkoperen beslach fan de útslaande doarkes is fuortrekke, krekt as de kaai. Mar it stikje húsree mei in seker elan hat mannich generaasjes oerlibbe. It fertsjintwurdicht in wearde dy’t net ferlern gean mei. Dat hat fjirtich jier lyn al de reden west dat er net as stookhout yn ’e kachel bedarre. Sûnt doe reizge er yn myn húsboel troch de tiid en troch de wrâld, fan it iene adres nei it oare. Mei de moade feroare geregeld ek syn kleur. Fan houtlak nei hylpergrien gong syn uterlik oer nei de skurve tint fan de blankhout rite. Op in nij fuotstik en yn in ljochte beits stiet de kast op syn âlde dei der no wer kreas by. En hy hat wer byt.
Fryske boeken binne gemiddeld in stik tinner as de boeken yn de oare lânstaal fernaam ik by it follen fan de lege planken. Yn in meter gean oardel kear safolle Fryske boeken as yn in meter Nederlânsk. Soenen Fryske skriuwers dan mei minder wurden mear, likefolle of minder te fertellen ha as harren Hollânske kollega’s? Hoe as wat, in tsjok boek hoecht fansels net better te wêzen as in behindiger eksimplaar. Of is it symptomatysk dat in taal yn ’e delgong gâns minder papier brûkt as in libbene? Nei in fierdere skôging docht my al gau bliken: wat âlder it Fryske boek, wat breder de rêch. Benammen in protte fan de jongste útjeften ha minder siden. Wat soe dêrfan de reden wêze? My tinkt hjir leit in oer de holle sjoene ûntjouwing dy’t in akademysk ûndersyk troch ien of oar subsidiearre ynstitút de muoite wurdich makket.
Hawar, de kast is klear, achter de rútsjes pronkje de juwielen. Mar ik ha noch in lytse meter plankhout oer. Soe de kast de tiid noch krije en set de tosken yn genôch farsk bedrukt papier mei Fryske teksten dy’t him rjocht dogge? Of bliuwt it lêste plankhout swijen?

Heechliet

Heechliet foar in houten hûs

(monumint fan de beskaving)

Do bist de hoeder fan de stilte,
dyn swijend hert is ryk oan wat
bestjurre is yn bylden fan de rede.
Do bist as in tesauriër de garder
fan it skreaune wurd. Dyn siele
is it stege hânwurk fan profeten.

Yn it djipste fan dyn aard bisto, as
 froede wachter oer in âlde erfenis,
it uterjend fermogen fan de prater:
syn holletaal en tongetaal, de wisse
leagens en de wierheid fan syn wêzen,
yn kloeke skulpen fan papier bewarre.


Dyn mûle bynt de eagen, wylst dyn
planken grôtfol wiisheid stean en
alleman dy’t hearre kin it eachmerk
fan dyn wurden grif net mist. Do litst
de dôven en de blinen lêze. Gjin lûd
draacht bylden fierder as dyn klanken.

Dyn bast, it wurdbeskot en grûnslach
fan it letterlot, stiet beklings tsjin de
muorre. It skoarret - sa´t fiksje faak
de feiten stipet - it livich erfguod fan
de literêre bodder: de byldenhifker,
de sinnenskôger en de skrapkeswrotter.

Wa’t lykas do fertriet en wille garret,
mar ek haat en leafde yn de groeden
fan syn omskot barget, soarget dat de
dichter en de skriuwer wurden skept.
Wurden om flammen yn it hout te jeien,
dy’t foar de lêzers ivich baarne meie.

As brânkast fan in teare skat bisto fan
wearde foar it libben, mar dyn takomst is
gjin wisse, de tiid sil oer dyn lot beslisse.
Want hat de omrinwinkel gjin ferlet, dan 
wurdt it grif de hel fan Harns, dan sil dyn 
siel ferwaaie yn de kosmos fan it internet.

Myn boekekast, myn hûs fol keamers
mei ferhalen om libbenslang yn om
te dwalen, bliuw yn it digitale tiidrek
mei it labyrint fan tsjottertalen altyd
om de oandacht fan de lêzers stribjen.
Doch it foar de boeken, doch it foar de
bern en docht it foar al dy oare sibben.

De wite reager

Wite reager, do wiest dysels, moarns ier,
doe’t ik dy seach oan ’e igge fan de mar,
wylst ik mankelyk nei drege oarden teach.
Dyn lichte tred en losse wjukslach,
myn holle fol gedachten oer de dea.


Do hiest, as koest my tinken hearre,
goed yn 'e rekken wêr’t ik hinne moast.
Dyn skerpe each miste myn mijen net
op dy alderearste maaiedei yn maart.


De ierde, noch kâld fan lichte froast,
wie al iepen. It wetter fan de mar lei der
wif en huverich by. In swarte wolk
fan protters foel roppich oer de reiden.

Do stiest der jûns letter noch te wachtsjen,
yn ’e skimer deun by de Leien, doe’t ik
opnij oandien omfierrens it liet fan de
'Huzing by’t lemieren’ sjongen hearde,
en do sa fredich nei Nyegea ta fleachst.

It geskink

It hat boekewike west. In feest foar skriuwers en foar lêzers, mar net foar dy fan it Fryske boek. Ik reizge twa winkels yn it sintrum by del, elk mei krapoan oardel meter Frysk op ’e planken. Al wat ik socht, ik seach gjin boek fan de weirekke skriuwer. Dan tinkst, soe der fanwege it ûnferwachte nijs al sa folle flecht op ’e koai west ha? Koartlyn, by it ferstjerren fan in skriuwer út it westen waard de foarriedige hannel fan de lêste grutte master breed útstald. Soks is blykber net foar in wichtige autochtoane skriuwer weilein. By de biblioteek ek gjin omtinken foar it ferlies fan de skriuwer fan de kleare taal. In part fan syn rike oeuvre stie wol foar it gripen. Mei twa spiksplinternije eksimplaren fan it ferneamste en bekroane boek der prominint tuskenyn. Hokker fan syn toppers lêst Fryslân eins, fregest dy dan ôf. Sa kaam ik wat mismoedich - it is yn ’e regel de lêste halte fan myn wenstige rûntsje - by de kreamen fan de ‘kringloop’ del. Dêr fûn ik, tusken rom fiif meter oan Frysk foar in sliterspriis, ien lyts wurkje fan de man dêr’t ik noch graach wer in kear mei fûstke wollen hie. It wie in toanielstik nei in ferhaal fan him út 1967. ‘De skriuwer foar it doarpsbelang.’
De omrinferkeaper krige my it dokumint út’ e hannen en blêde it glimkjend troch. ‘Och heare, heare, sjoch ris oan’ sei er, ‘De Skriuwer! In prachtich stik. Ik ha der sels noch yn spile.’ Entûsjast fertelde er oer de ynhâld fan it ferhaal. Sêne nei sêne kamen de lotgefallen fan de skriuwer foarby en stadichoan kaam ik te witten hoe’t de morele ynkwisysje út it doarp him hieltyd slimmer it near op lei. Ik mocht it boekje fergees meinimme.
Thús lies ik yn it foaropwurd de tajefte. De skriuwer spruts my mei wurden, dy’t as in orakel klonken, sels ta. In leske yn de betsjutting fan literatuer. ‘De bedoeling fan de skriuwer is net wichtich’, seit er ’wat telt is de tekst!’ Doe pas seach ik dat it troch spilers bebrûkte keunstwurkje mei reade pinne slim behoffene wie. Krekt sa’t de skriuwer yn it stik twongen waard om te dwaan, wienen alle sênes mei krityske ferwizingen nei god en de bibel skrast. Mar de skriuwer swijt net. De skriuwer lit him de bek net bine. Hy seit wat er sizze moat: ‘Ik sil oer jim smearlappen skriuwe!’ 
In fearnsjier lyn rekken we ûnderweis nei de waadseedyk yn in doarpke oan de râne fan de wrâld it spoar bjuster. Opkeard troch it wetter fan in feart moasten we werom. Nei in slach troch de buorren om de tsjerke hinne lieten we de stilte fan it hôf achter ús. Hjir komme we grif noait wer te lâne, ornearre ik. We ha der dochs wer hinne west. Foar in begraffenis.

Mare Vulgus

De see komt op en giet wer hinne
mei skomjend leven oan ’e loft
ûnder de moanne en de sinne.

Wetter siket romte, ûnbedimber
troch minskehân of godsgebod.
De see komt op en giet wer hinne. 

Mare vulgus hat gâns stimmen,
gûlt en gizet ûnbehindere fuort
ûnder de moanne en de sinne.

Dunen, dammen en diken binne
tsjin grutte weagen om ’e nocht.
De see komt op en giet wer hinne.


De mins libbet op faaie grinzen
omtoarkjend nei it lêste skoft
ûnder de moanne en de sinne.

Wy binne inkeld drinkelingen,
dat is ús ûnbestimde lot.
De see komt op en giet wer hinne
ûnder de moanne en de sinne.

Requiescat...

Wy stean op ’e râne fan it libbenlân
en digerje oer de oseaan fan it ferline.
De weagen wine as in oerwurk
steech en dreech de ierde rûn,
mar op de wizerleaze siferplaat
fan it bestean kinne we de tiid net fine.

Hark! Net sa hiel fier yn ’e dize
fan de fierte slacht in klok.
Hoefolle? It binne der tolve om
krekt te gean, want it slaan fan
de lêste oere kinne we wol fernimme.

Dan jeie we as in orkaan fan                    
skiedend ljocht it tsjuster yn ’e mjitte
en ferdwine we lichter as de siken swynt
yn de ienklang fan de fierste nacht.  

It is wreed, it is in griis,
it is like kâld as rigor mortis.

Vanitas...


Asylsykjend yn it ryk fan de sliep doarmje ik oer de grinzen fan myn gedachten tebek yn ’e tiid. Dreambylden wurde lânskippen as leidige fata morgana. Ik sykje gjin nije mar in âlde bestimming en meitsje opnij in fuotreis fan in fearnsieu lyn nei de top fan in fulkaan. Swart en wyt is it paad fan bestjurre lava en ivige snie ûnder de bylkjende sinne. Der is gjin wei te min. De loft driget net. De loft kent syn master. Yn it ljocht fan de fjurrige geast draait in arend steatlik beswarrende rûntsjes. De loaie flecht is skyn, as it safier is stoart er him ûnferbidlik yn ’e djipte.


Alles ferrifelt. Wylst ik my de holle geregeld switfei telle de minuten as oeren. De swiertekrêft lûkt en stint, mar de tiid wint. Der is gjin wei werom. Healwei de tocht slinkt mei lange trêden it libben hurder as de ôfstân dy’t ik noch te gean ha. De romte is ûnmjitlik. Under it blauwe dak, dêr’t de wolken as ballêst fan de wrâld op de souder lizze, hat it hûs fan de wyn gjin muorren.
Alles is oars yn it omfierrens sûnder fierderop. Swierder, trager, iler. Heger as de kimen jildt de taal fan in stillibben. Dat hat syn wurden wol hân. De wyn swijt as in sletten boek. Stap foar stap folgje ik it spoar fan myn ûnthâld. Fêste grûn ûnder de fuotten is in yllúzje, dat docht ek gjin nij. Der is gjin wiet gers, der is gjin gloed fan in sânreed, glêde klinkerts wurde gjin tarrewei. It paad mist smûke beamwâlen, dy’t as griene gerdinen oan de himel hingje. En de winter stiet yn de simmer, wylst de jierren ûnder de skuon wei rane.
Alle eleminten treast klau ik oer de rêchbonke fan in kontinint. Der is gjin wei ferside Ik flechtsje. Utbrutsen, ûntsnapt oan de gaos, los fan it libben. Wa’t longeret moat lije. Wa’t de ein sjocht set troch. Wat heger wat steger. Mei de wrakseling as brânstof priuwe de tamtearre longen de soerstof fan de frijheid. Ik bin in fûgel dy’t net fleane kin, ûnderweis nei it hichtepunt fan de krater mei it slomjende fjoer.
Ik ha it helle, ik stie as op in wjuk fan in fleanmasine. Ik wie de fleander sels. Mar doe wist ik noch net dat ik lykas Ikarus djip falle soe...

Ad Infinitum


De gong der yn hâlde! It jier is al wer in eintsje op reis. De tiid lit him net keare. En ast net witst dat de ein de ein is, dan giet alles altyd troch. It is fansels ek it doel en set wakker fierder út ein. It moat oangean. Moai fuort is de reis om it reizgjen nei in einleaze bestimming as in ekskús om te bestean. Elk jier giet it wer fan ’e miet ôf. In nije start mei in soad fan itselde en út en troch wat oars. Altyd is it in begjin fan alles wat noch komt. En as dy neat yn ’e wei sit, dan hast mar te gean. Wêrom ek net? Wa’t stil stiet komt nergens.
Ik aventoerje it wol wat yn Tweintich-Alve. Dêr’t it paad mei foarnimmens him oan buorden en kaarten ûntbrekt, bebokselje, befyts en bereizgje ik de wei dy’t my it bêste leit. Ik reizgje mei in bagaazje fan bylden en in taal fol wurden dy’t har graach opponearje. De reis is in ferhaal dy’t begjint by de ein, mankelyk doarmjend troch in âlde tiid, wifkjend yn it hjoeddeiske en nijsgjirrich taastend nei de takomst. Oer hichten en lichten sil it gean, altyd sykjend nei romte om nei út te sjen. Tebeksjen is inkeld de muoite wurdich om der fierder mei te kommen! Alde spoaren binne net langer as de nije dy’t noch lutsen wurde. Wegen wurde allinnich smeller omdat it sa liket. Op it iepen paad de gong der yn hâlde, dat smyt it measte op. Sa bliuwt alles bestean. Sa ûnstien ferhalen yn doetiid, heden en takomst. Wierheid of net, ienkear stâl jûn wurde de wurden part fan it bestean. De tiid dêr’t se yn spylje is it bewiis. Yn tekst hat alles mei alles te krijen, lykas yn it libben. Lykas yn it ferhaal fan de man, dy’t yn in dokumintêre syn eigen libben spilet. Lykas yn de film, dêr’t de frou yn in rol fan in oar harsels is. Lykas yn it selsportret fan de fotograaf, dêr’t wy ús yn spegelje. Lykas de reizger, dy’t op de top fan in fulkaan nei syn takomst weromsjocht. Want hoe de kosmyske winen ek waaie, wy sleepje ivichduorjend de jiske út de grûn fan ús ûnderste lagen fier oer de ierde mei ús mei. Sa lang it duorret. 




We will stand on the wing of a plane.    South Sister - 1985 - Oregon